Cover-Skipsjonges-19-2-15_cr

Aventoer ahoy!

Cover-Skipsjonges-19-2-15

Cover fan it boek. Yllustraasje fan Roelof Wijtsma.

Yn neifolging fan it Noarsk, Sweedsk, Ingelsk, Finsk, Slowaaksk, Dútsk, Tsjechysk en Frânsk, falt ek it Frysk de eare ta en krij it ferhaal fan de skipsjonges fan Bontekoe oersetten. Anne Popkema (1975) hat him weage oan dit stik jeugdsentimint fan Johan Fabricius (1899-1981). Ommers, kloften binne opgroeid mei de aventoeren fan Peter Hajo (yn it boek wurdt er altyd Hajo neamd), Padde Kelemeyn en Rolf Romeijn en skipper Bontekoe, al is dy lêste wat op de eftergrûn rekke. De earste printinge fan it boek fan Fabricius ferskynde yn 1923 en is al mear as tritich kear werprinte. Foar de oersetting nei it Frysk is de 33e printinge brûkt (út 2011).

Foar’t wy nei it ferhaal fan de oersetting  sjogge, earst  koart noch wat oer it boek. Fabricius basearre De scheepsjongens van Bontekoe op it orizjinele skipssjoernaal fan Willem IJsbrantsz. Bontekoe (yn 1646 foar it earst printe). It ferhaal wie populêr (of oansprekkend) om’t it in reis fol hindernissen en swierrichheden wie. Fabricius dielde syn boek  yn twa stikken yn. It foarste part is basearre op it sjoernaal fan Bontekoe. Dy wie  skipper op de Nieuw-Hoorn en sette koers nei Ynje op 28 desimber 1618. De koers sa as wjerjûn op it skutblêd fan de oersetting komt aardich oerien mei de werklike reis. Ek it fergean fan it skip troch brân komt oerien en úteinlik de oankomst op de kust fan Sumatra ek. Dêrnei komt it twadde part, dêr’t Fabricius syn fantasij brûkt om in sprekkend aventoer te skriuwen oer fjouwer oerlibjende jongeren: Hajo, Padde en Rolf en koksfeint Harmen van Kniphuyzen. Uteinlik komme se oan op de werf fan Bantam, it einpunt fan de oarspronklike reize, dêr’t se harren skipper wer moetsje.

Dan oer de ynhâld fan it ferhaal:
It boek begjint yn Hoorn, dêr’t Hajo yn in smidte wurket, mar dreamt fan de see. As hy Rolf kennen leard en heart dat hy de omkesizzer is fan skipper Bontekoe, giet er op eigen manneboet nei de skipper ta en freget Hajo oan de skipper oft er mei kin nei de East, nei Ynje. Nei it aventoerlike libben fan in skipsjonge. En dat mei! In dei letter mei er him melde foar de ôffeart. Syn bêste maat Padde, dy’t him yn alles efternei rint, wiuwt him út, mar kin gjin ôfskied nimme en belânet ek oan board fan de Nieuw-Hoorn, it flaggeskip fan Bontekoe. As Hajo en Rolf harren spullen in plakje jouwe, falt Padde yn sliep. Pas as de kanonnen fan it skip as ôfskied harren salút dien hawwe, wurdt Padde wekker, mar dan binne hja al ûnderweis.
De reis ferrint mei in soad swierrichheden, lykas mêstbreuk, mist, skuorbot en úteinlik ek noch brân. Dat is fuortdaliks de reden dat it ferhaal sa ferneamd wurden is. It trochsetten om yn Ynje oan te kommen. Op Sumatra (hja moatte nei Bantang) wurdt in part fan de bemanning fermoarde troch in lokaal doarpshaad dat al sjerpstrikend it wanbetrouwen fan de Hollanners weinimt en se letter pakt. In aventoerlike tocht troch it oerwâld folget, dêr’t se de meast spannende dingen belibje en in famke moetsje, Dolimah, dat de Hollânske jonges helpt it oerwâld troch te kommen. Oan de ein wurde se mei harren skipper ferienige op de werf yn Bantang en komt it ôfskied; Rolf bliuwt by syn omke om yn de East te bliuwen foar in pear jier. Se meunsterje oan op in oar skip en gean mei werom nei Hollân.

Ik fyn it spitich dat Popkema gjin ynlieding jout oer it boek. De histoarje fan it wurk en hoe’t it ta stân kommen is, want dat is wakker nijsgjirrich. De redenen om it boek oer te setten komme ek net nei foaren. Johan Fabricius hat koart it boek ynlieden en dat is ek sa oersetten, mar in persoanlike noat fan Anne Popkema ûntbrekt. No komt hiel inkeld ris in persoanlike noat fan de oersetter yn it boek foar: As de bemanning fan de Nieuw-Hoorn strâne is op it eilân Reunion, miene hja dêre in dodo yn de hannen te hawwen. De oersetter lit sjen dat er ek beskikt oer ornotologyske kwaliteiten as er ûnderoan de side yn in koarte noat skriuwt dat de jonges hjir grif net te dwaan hawwe mei in dodo, mar mear mei in Reuniontyske Ibis. Wêrfan akte. Dat wie in hiel aardige en nuttige tafoeging.

De grutte fraach by in oersetting is altyd wat it doel fan de oersetter is. Is dat it sec oersetten fan de tekst, om yn de oersetting sa ticht mooglik by it orizjineel te bliuwen, of wol er júst, mei de frijens dy’t de taal him biedt, de sfear fan it boek neidwaan? Oars sein: By it oersetten fan in  boek sit de duvel him yn de details. Tink oan rymkes, nammen en steande útdrukkings. En dan ek noch de aldergrutste swierrichheid: hoe kinne je goed de sfear fan it boek werjaan? Wy witte de reden foar oersetting net, mar oan de Fryske ferzje is wol goed te sjen dat Popkema der yn slagge is om in treflike oersetting del te setten fan it tige ferneamde Nederlânske  jeugdboek troch de tekst hast letterlik te folgjen, mar wêr’t dat kin it  ta te spitsen op it Frysk. Dat hat er dien  sûnder it ferhaal skea oan te dwaan. Sa hat er de nammen fan inkelde personaazjes ferfryske. De wichtichste persoanen binne lyk bleaun. De persoanen dy’t wat yn de marzje figurearje, binne ferfryske.
Sa is Lange Lijs wurden ta Libbe, is Joppie Jopper wurden en is Roeffie Lytse Roel wurden. Lijsken Cocs wurdt Lútzen Koks en Vader Langjas, de barbier oan board fan it skip, is  omke Langjas neamd, of better: langjasom. En de Fries Hilke Jopkins wurdt fansels Hylke Jopkens.  Dat jout in hiel aardige eigen twist oan it boek, dêr’t de persoanen  harren goed thúsfiele yn de nije taal. De persoanlike noat fan de oersetter fine wy ek werom yn rymkes en ferskes dy’t faak yn it boek foarkomme. Gelokkigernôch is der foar keazen om de geast fan it ferhaal wer te jaan, wat ynhâldt dat inkelde dichtwurkjes sa makke binne dat de rym deryn bliuwt sûnder de betsjutting kwyt te reitsjen, mar somtiden ek om krekt justjes mear gefoel en sfear en ferhaal deryn te lizzen. Ik haw ien foarbyld neamd, mar ik hie der folle mear delsette kind. Dochs ien om it te yllustrearjen.

It ûndersteande rymke komt as Harmen in geit frij litten hat út in fâle foar in tiger. Dy is tichtklapt en dêr sit hy allinnich. (Side 251 fan de oersetting, haadstik ‘Harmen fynt in geitsje’):

‘Ik zit hier in een hokje!                                 ‘Hjir sit ik, yn myn hokje!
Eerst viel ik van mijn stokje,                         Earst gie ik fan myn stokje,
Maar nou is de maan                                     Mar de moanne skynt no moai,
Aan het schijnen gegaan                               Yn dizze tigerkoai.
En om me te verlichten                                 Dy sit oan alle kanten ticht,
Sla ik weer aan het dichten.                         Dat ik meitsje mar in gedicht.
Ik heb een geit bevrijd                                   Dy geit hat it no poerbêst,
En leef in eenzaamheid…’                             Mar ik sit hjir foar altyd fêst…’

Oare stikken binne ek yn de geast fan it boek en de taal oersetten. Sa is it twarigelich ferske:

‘Zeg kwezelkens, wildet gij dansen?
Ik zal er u geven een ei!’

Oersetten as:

‘No kom ris, wyfke, wolst net dûnsje?
Sjoch, hjir hast in aai fan my!’

Net wurdlik oersetten, mar it is wol dúdlik wat der bedoeld wurdt. Somtiden wurdt der in lyts wurdsje oan de oersetting tafoege  om it krekt better ôf te stimmen op it Frysk.
As de skipsfeinten mei skipper Bontekoe fêstsitte mei harren jol en Floorke (waans namme bliuwt sa’t er is) in heldedied úthellet, skriuwt Fabricius: ‘Met Floorke kun je uit vissen gaan’, Popkema makket dêrfan: ‘Mei Floorke koest te fiskjen, heite!’
Mei de tafoeging ‘heite!’ wurdt it sprekkender.

Genôch oer de ynhâld. Jim moatte sels ek wat te lêzen hâlde, om jim oer it boek te fernuverjen.

Wêr’t perfoarst noch by stilstien wurde moat, binne de yllustraasjes. Roelof Wijtsma hat  topwurk levere. De platen binne fan hege kwaliteit. Se ûnderstypje it ferhaal; in byld seit ommers mear as tûzen wurden. Fierders binne se ek in hiel moaie tafoeging oan it boek sels. Ik tink dat Fabricius jaloersk wurden wie as er it noch meimeitsje koe.

Is der dan neat negatyfs oan dizze Fryske oersetting? Eins net safolle útsein dat der ien lytse flater yn stiet.

‘Piipjend en jankend socht Padde lâns de râne nei in gaadlik plak om ôf te sakjen.’ (side 233).

Dêr wie Popkema even net alhiel by de les, want Padde wie justjes dêrfoar al sprongen. Padde moat hjir Jopper (dat is in hûn) wêze. De Nederlânske ferzje lit dat ek sjen:

‘Piepend en jankend zocht Joppie langs de rand naar een geschikte plaats om af te dalen’.

No ja, it kin de master misse, sille wy dan mar sizze.

It oersetwurk sil grif in drege put west ha, mar Popkema hat der in poerbêste oersetting fan makke. It ferhaal lêst like maklik fuort as yn de oarspronklike fersy; ek yn de oersetting is it in sidesliner. It boek wie samar út. No’t ik boek dellein ha, hoopje ik stikem, soene der yn Harns skippen klearlizze om mei te gean op aventoer…?  Dat is fansels net sa, mar wat wol sa is, is dat elts dy’t it boek yn it Nederlânsk mei niget lêzen hat  en it no op ’e nij lêze wol, de kar eins net hoecht te meitsjen yn hokker taal oft dat kin. De Fryske oersetting kin de Nederlânske ferzje wol ferfange yn de boekekast.

De skipsjonges fan Bontekoe
Oersetter: Anne Popkema
Orizjineel: De scheepsjongens van Bontekoe (1e printinge 1923)
Skriuwer: Johan Fabricius
Utjouwerij Regaad, Grins
Regaad Nûmer 2
ISBN: 978 90 821970 1 3
Oantal siden: 360

Oer Dirk Jan Muntendam

Dirk Jan Muntendam (1985), yn it deistich wurk adviseur ynformaasjebelied yn de Rânestêd, is yn syn frije tiid dwaande om de bân mei it Frysk yn stân te hâlden. Hy hat Skiednis studearre en foar in part Frysk. Yn dy tiid mei-oprjochter en foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu. Dêr moaie tiden hân en djip ûnder de yndruk rekke fan al it moais fan de Fryske taal en grut foarstanner fan de YPY! Spitigernôch stúdzje Frysk nea ôfmakke. Ko-auteur fan it epyske ferhaal De Kweeste fan Ridder Pieter. Moaiste dieren binne luiaards en kofje moat sterk en Swart wêze. Op it stuit dwaande mei ûndersyk foar in nij boek.