• Thús
    • Oer dizze side
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Krottsy op Jan Ybema ek winner Lustrumdiktee
  • anne op Jan Ybema ek winner Lustrumdiktee
  • Sigrid op Jan Ybema ek winner Lustrumdiktee
  • Sigrid op Utslach gévisme-wedstryd
  • Krottsy op Utslach gévisme-wedstryd

Omrop Fryslân

Lichem ien fermiste man fûn
Malêze yn bouwrâld hâ
Cambuur moat winne fan Emmen
Reaksjes op fernijbou Thialf
Kultuer wichtich yn Smel'l
Besketten man gjin Gordykster
Undernimmers wolle saak kwyt
Fermist skip komt út Koarnwert
Karakteristike pânen ferdwine
Brân yn doarpshûs Kimswer

Utslach gévisme-wedstryd

11 jan
2012
2 reaksjes Publisearre troch Tsjomme

Op de oergong fan 2011 nei 2012 hat Anne Popkema in nije taalwedstryd útskreaun om it moaiste gévisme te finen: in Frysk neologisme (in nij foarme wurd) dat wat al te geef is omreden fan it mar net Hollânsk of Ingelsk lykjen en dat yn syn geefheid de begryplikens frijwat opkeart. Mei om’t de Ljouwerter Courant der yn in stik fan Fedde Dykstra omtinken oan jûn hat, binne der moai wat ynstjoerings kaam!

Fansels wiene der de ‘klassikers’: deldonderdoekje (parasjute), nútsjesmoar (pindakaas) en leechbydegrûnfrette (picknicke). Mar nije ynstjoerings wiene der ek by ’t soad: skodde molke (milkshake), kompakt skiif (cd), ûnthâldstokje (memory stick), tsjetterje/tsjotterje (twitterje), tsjilredens (skeelers) en it alderaardichste snoadfoan (smartphone). De wedstryd hie ek ynternasjonale diminsjes, want út Kanada wei waard ynstjoerd: spamje (spam omstjoere), wat kenlik brûkt wurdt troch deselde persoan dy’t in konsertfleugel as ‘ wjuk’ omskriuwt. It alderûnbegryplikste gévisme moat wol wêze ‘ triem’ (kompûterbestân), dêr’t ik mysels yn it ferline ek al wakker om besaud ha. Ek de literatuer is in sneupgroppe (Fundgrube) foar gévismen: Sjieuwe Borger komt yn It ferrin fan de tiid mei in ‘ skerteldûnseresse’ op ’e lapen. En yn Hanneke de Jong har De lêste brief hat personaazje Berber it om de ‘jouwerkletter’ (haverklap) oer ’ sjoddy’, wat de Fryske wjergader is fan ‘See you!’ Dat bylket en heart wakker Frysk, mar is sûnder kontekst folslein ûnbegryplik. Om’t it lykwols ek in Hollânske wjergader hat (‘ Zie je!’ ) hat it alle kâns om ek yn it Frysk húsriem te wurden. Hanneke de Jong is dêrmei de winner fan de gévisme-wedstryd – lokwinske! En oer de útslach mei omraken korrespondearre wurde – graach sels!

Sjoddy!

  • Tweet
  1. Krottsy
    16 januari 2012 at 22:50 | Permalink

    Geweldige wurden! – mar ik tocht dat it in ‘donderdeldoekje’ wie ypf oarsom…

    Reply
    • Sigrid
      20 januari 2012 at 14:15 | Permalink

      Ja dat ha ik ek altyd tocht. Ik tink dat wy hjirby in berop dwaan kinne op dialektysk ferskaat.

      Reply

Geef een reactie Reactie annuleren

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

*

*

De volgende HTML tags en attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • On 27 February we will give a presentation about Frisian and minority language politics to South African colleagues (Uni Pretoria 10AM)
    27 januari 2012
  • Regional language Drents has a spell checker as of Wednesday http://t.co/Mkzl9wr1
    27 januari 2012
  • RT @Skanomodu: Gemiddelde tal flaters Skanomodu-diktee: 28. Jan Ybema mei him mei rjocht winner neame. @GeartTigchelaar wie twad en Truu ...
    17 januari 2012
  • RT @Skanomodu: Pieter de Groot skreau in prachtich Skanomodu-diktee oer de frijfeinten fan de wrâld. Winner is frijfeint Jan Ybema mei t ...
    17 januari 2012
  • Lowering your pitch will make you feel more powerful? interesting experiment! http://t.co/RwIsleSu
    16 januari 2012
  • RT @infokunde: Mooie Twitterkaart van Europa met kleuren voor taal, van Eric Fischer: http://t.co/Bn9h7QBZ
    15 december 2011
  • Hooray for the Frisian winner of #LietInternational (Eurovision for minority languages)
    21 november 2011
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe