• Thús
    • Oer dizze side
  • Skanomodu
    • Oer Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kaskommisje
    • De namme “Skanomodu”
    • De oprjochting yn 2007
    • Lustrum 2007-2012
      • Lustrumkommisje
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
    • Redaksje
  • Nijsoersjoch
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
    • Rêd Frysk [2011-2012]
      • Stjoer jo brief!
      • Wat is der oan ‘e hân?
      • Ferstjoerde brieven
      • Reaksjes fan pommeranten
      • Rêd Frysk yn ‘e media
  • Links

Aktiviteiten

  • 31 mei 2013:
    • Sympoasium: freed 31 maaie - 'Frysk en Fryslân, skiednis of takomst!' (13:00)
    • Wedstryd Nordfriisk Instituut: Frysk pangram (hiele dei)

Lêste reaksjes

  • Nienke Jet op Respondinten frege foar koarte enkête oer Fryske fûgelnammen
  • DJ op Respondinten frege foar koarte enkête oer Fryske fûgelnammen
  • Sigrid op Opinystik Pieter Breuker oer nije stavering
  • Friduwih op Opinystik Pieter Breuker oer nije stavering
  • Pieter Breuker op Pieter Breuker: “In list mei standertwurdfoarmen: per definysje in gaos.”

Omrop Fryslân

Kamerabewaking op Ekers
Ekstern ûndersyk nei Caparis
Fjoertoertop op stoomsleper
Priis foar troan Spoarsiker
Oerfal goudbus: seis jier sel
90 banen fuort by Sionsberg
Reedrydsponsor fuort om Thialf
Pieter-Jan Postma nimt lieding
'Achtkarspelen lit jild li
10e 'Kleine Bouwprijs&

Twitterje foar de stúdzje Frysk!

17 apr
2012
Publisearre troch Maaike

Bêste Skanoleden en alle minsken dy’t mei it Frysk begien binne,

It is jimme fêst net ûntgien. De stúdzje Fryske Taal en Kultuer sit yn swier waar. Troch de nije reorganisaasje oan de RuG driget it Frysk yn Europeeske Talen en Kultueren (ETC) noch mar 1 fte (dat is ien dosint) oer te hâlden. Dat is fansels fierstente te min om in goede wittenskiplike oplieding garandearje te kinnen. Dêrmei sil de stúdzje in stille dea stjerre.

As der neat bart.

De stúdzje Frysk hat as twadde Rykstaal yn Nederlân bepaalde rjochten en ien dêrfan is in ‘selsstannige haadfakstúdzje’. Om’t ETC foar Frysk stiet foar in stjerhúskonstrúksje, hat Frysk keazen om net langer mei te dwaan oan ETC en selsstannich te bliuwen. Dy beslissing wurdt net samar troch de universiteit akseptearre. Dêrom moat de polityk oantrune wurde om in Fryske BA/MA-stúdzje oan de RuG no einliks definityf te garandearjen. It wurdt tiid om sels yn aksje te kommen. Want mei it ferdwinen fan de stúdzje Frysk sil ek in wichtige ympuls foar de Fryske taal ferdwine. Dat bestjut net allinne ferlies fan status (dat foar in minderheidstaal o sa belangryk is), mar ek it ferliezen fan takomstige wittenskippers, skriuwers, dosinten ensfh.

No tongersdei 19 april is de earste Fryske twitterdei. Der sil dy dei in soad twittere wurde yn it Frysk, mei #Frysk. Wat soe it moai wêze as der in hiele soad tweets giene oer de driigjende dea fan de stúdzje Frysk. Wy roppe jim massaal op om tongersdei (yn it Frysk fansels) hjiroer te twitterjen!

Fansels hoechst it net by ien tweet te litten. Hoe moat sa’n tweet der dan út sjen? Dat meist sels witte. Begjin fansels net te roppen en te razen, mar it mei dúdlik wêze dat it ferdwinen fan de stúdzje gewoan net kin!

In foarbyld:

Stúdzje Frysk yn Grins stjert in stille dea? Ek de ein fan it #Frysk ? @Frisian_RuG

Ferjit net om by dyn tweet te setten: #Frysk @Frisian_RuG

As der neat bart, sil de stúdzje Frysk nei beppekelder gean. It is gjin stoarm dy’t fansels wol wer oerwaait. Dêrom: kom yn aksje, jou it nijs troch en twitterje massaal op 19 april!

  • Tweet
  1. Krottsy
    17 april 2012 at 08:44 | Permalink

    Is der faaks ek in hântekeningaksje of sa dy’t ik tekenje kin, of wat oars dat ik dwaan kin? Wat doch ik as ik út prinsipe net twitterje?

    • Maaike
      17 april 2012 at 13:00 | Permalink

      Wy binne op it stuit in diel fan de Skanomoduwebside oan it ynrjochtsjen om kommintaar kwyt te kinnen. Kinst dyn reaksje kwyt oan skanomail@skanomodu.nl. Dan pleatse wy dyn berjocht op dy pagina. It adres publisearje wy letter hjoed of moarn.
      Fierder: diel it berjocht op facebook en lit it elkenien witte!

  2. Krottsy
    18 april 2012 at 14:30 | Permalink

    En wat set de RuG sels op har side: in moai stikje fertekenjende reklame! Yn in opfallend alarmearjend read kader! Ik begryp dat de RuG reklame meitsje moat foar de nije bachelor, mar hielendal suver is dy tekst net neffens my…

  3. Liskje
    19 april 2012 at 15:54 | Permalink

    Fryslân hat ferlet fan akademisy dy’t Frysk studearre hawwe. Dosinten yn it HBO moatte yn ‘e takomst in akademyske oplieding yn har fak folge hawwe. Dat jildt ek foar de dosinten Frysk op de NHL yn Ljouwert.

  4. Maaike
    19 april 2012 at 16:14 | Permalink

    Dat is seker wier. Noch in reden dat de twadde Rykstaal har iennichste universitêre stúdzje behâlde moat.
    http://www.redfrysk.skanomodu.nl

Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • Sociolinguists, generative linguists; psycholinguists, neurolinguists and others - have a look! http://t.co/6lHdROq0mJ
    29 april 2013
  • #frysk Drok dwaande mei ús projekt Landscape of Languages, de bydrage fan ús ôfdieling oan Kulturele Haadstêd. Jim heare der skielk mear oer
    18 april 2013
  • #frysk Hjoed ha wy in iepen dei foar de Master Multilingualism. Wolkom fansels: 17:00 oere yn it Harmonygebou, Kijk int Jatstrj.,Grins.
    18 april 2013
  • #frysk Hjoed is fryskpraatdei: wy twitterje de hiele dei al as toartels. En fleane elkenien foarby. HAHA
    18 april 2013
  • To our English-speaking friends/foar ús Ingelskpratende freonen: we have a surprise survey for you to fill in: http://t.co/fcuVY9aKhB thx
    18 april 2013
  • Please help us out by completing and sharing this short survey!! it really takes very little time!... http://t.co/961TETNW8D
    17 april 2013
  • Please help us by RT and completing this survey! http://t.co/fcuVY9aKhB
    17 april 2013
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe