Ut it ûnderwiis en oare fermiddens komme geregeldwei  lûden dat der driuwend ferlet is fan krystferhalen foar bern. In projektgroep mei minsken út Fryske Berneboek en It Skriuwersboun wol op dit ferlet ynspylje en hat him ta doel steld dat der takom jier in nije krystbondel op de planke lizze sil, yllustrearre mei sfearfolle tekeningen.
Â
Mar dy ferhalen moatte wol skreaun wurde. Dêrom de oprop oan elk om in krystferhaal yn te stjoeren.
Â
Betingsten:
·       De ferhalen moatte breed ynsetber wêze, religieus en net religieus
·       De ferhalen binne ornearre foar bern fan de basisskoalle, dus fan 4 oant en mei 12 jier
·       We wolle graach in ryk ferskaat, ek fersen en toanielteksten binne wolkom
Gjin lieten
·       It moatte krystferhalen wêze, gjin winterferhalen
·       Tal wurden: tusken de 500 en 2000
Â
De teksten wurde troch in redaksje besjoen. Mocht der wat oan feroare wurde moatte, dan kin Skriuw, in projekt fan It Skriuwersboun en de Wendelaar Bonga Stichting, foar begelieding soargje. De redaksje kin mooglik ferhalen ôfwize dy’t net oan de kwaliteit foldogge.
Â
De ferhalen dy’t selektearre wurde foar de bondel komme yn oanmerking foar in fergoeding. We binne dwaande mei it oanfreegjen fan subsydzje en hoopje in reedlike fergoeding biede te kinnen.
Â
De teksten moatte foar 1 febrewaris 2012 opstjoerd wurde nei:
Sytske Eringa: Â sytske.eringa@gmail.com
(Graach as Word-doc yn standerttekst: Times New Roman, 12 pts)
Â
Wy hoopje dat jim manmachtich mei nije ferhalen en gedichten komme sille, sadat wy in prachtige bondel gearstalle kinne.
Â
Wy sjogge nei jim teksten út!
Â
De projektgroep
 Sytske Eringa, Joke Scheffer, Jan Schotanus, Immy Tappers, en Auck Peanstra

Frisian_RUG

De lêste reaksjes