Om it nije jier feestlik yn te lieden organisearret Skanomodu op 17 jannewaris de twadde edysje fan it o sa suksesfolle Grut Frysk diktee fan Skanomodu. It diktee sil yn it ramt fan it lustrum troch in mystery-skriuwer skreaun wurde.
Nei ôfrin sil der in priisútrikking wêze yn ‘Stadscafe de Bank’, Oude Boteringestraat 17, dêr’t okkerdeis ek ús krystfeest plakfûn hat.
Hjir sil de útslach fan it diktee bekend makke wurde en wy kinne der ek in slokje
drinke op it nije jier!
Datum: 17 jannewaris
Plak: seal 1313 0338 yn it Harmonygebou
Begjintiid: 19.00 oere
Opjefte:Â lustrum@skanomodu.nl

Frisian_RUG

Wannear is dit? Middeis of jûns?!
It is jûns. En it diktee sil betiid op de jûn begjinne.
Moat men jin ek foar it diktee opjaan? Dan doch ik dat by dizze.