Yn neifolging fan it súksesfolle Skanomodudiktee yn 2011, wie de Lustrumkommisje him der alles oan gelegen om wer sa’n diktee te organisearjen. Yn it kader fan it Lustrum waard Pieter de Groot frege en skriuw it diktee. It ûnderwerp moast passe yn it tema fan it Lustrum; fierders waard de âld-kultuerredakteur fan de Ljouwerter Krante frijlitten. In moai tal dielnimmers wie oanwêzich wêrûnder Jan Ybema, winner ferline jier, en Geart Tigchelaar, oanstoarmjend Frysk skriuwtalint. De sjuery waard foarme troch de skriuwer fan it diktee, oanfolle mei dosint Oebele Vries en Lustrumkommisjelid Dirk Jan Muntendam.
De skriuwkwaliteiten fan De Groot, dy’t twaris yn de wike yn de LC te bewûnderjen binne, kamen ta folle waaksdom yn it diktee: in moai ferhaal oer it Fryske ferline. It wie in drege wrakseling foar de dielnimmers. Hja suchten en stinden wakker wylst de Groot it somtiden poëtysk diktee diktearre. It gie fakentiid te rap foar guon, mar nei goed trije kertier stie it diktee by elts op papier.
De dielnimmers giene ûnder lieding fan de Lustrumkommisje nei ‘De Bank’ ta foar in boarreltsje, wylst de sjuery harren bekroadzje koe om it neisjen. Om goed njoggen oere wie de sjuery klear mei neisjen en ferfoegen hja harren by de yn smart wachtsjende dielnimmers. Nei de tanksizzing oan Oebele Vries en Pieter de Groot koe oergong wurde ta de útslach. Soe Jan Ybema wer winne of soe in ferrassende outsider in goai dwaan nei de titel? It gemiddeld tal flaters lei op 28, dêr’t de dielnimmers dochs wol fan opseagen. In soad flaters waarden makke yn de wurden ‘heechoppich’, ‘kant fan lea’, ‘De Gaulle’, ‘Koarnwert’ en ‘kasuwiel’.
De winner hie 10 flaters en dat makke, krekt as foarich jier, Jan Ybema ta winner. Op it twadde plak stie Geart Tigchelaar mei 18 flaters en Truus de Vries kompletearre it poadium as tredde mei 21 flaters. Foar de winner wie der in wiere beker. In wikselbeker wol te ferstean, sadat it Skanomodudiktee hooplik in moaie tradysje wurdt.
De folsleine útslach:
| Plak | Namme | Tal flaters |
| 1 | Jan | 10 |
| 2 | Geart | 18 |
| 3 | Truus | 21 |
| 4 | Tsjomme | 24 |
| Jurrit Jan | 24 | |
| 6 | Gerbrich | 27 |
| 7 | Maaike | 28 |
| 8 | Christian | 30 |
| 9 | Sigrid | 32 |
| 10 | Cees | 35 |
| Nienke Jet | 35 | |
| 12 | Jurjen | 54 |


Frisian_RUG

Dy folsleine útslach derby hie om my net hoegd…
blinder! mar efkes opfrisse allegearre, ik ha noch plak by TF II
Ach ja, no kin de hiele wrâld sjen dat ik mear flaters hie as it gemiddelde. No ja, dat jout wat mear druk om it yn ‘e takomst wat better te dwaan, tink ik dan mar…