Op twa maart is de âlde ferzje fan de Skanomodu-webside offline helle en draait no allinnich noch de nije ferzje. Yn de nije ferzje, dêr’t noch altiten út en troch oan sleutele wurdt, binne in tal yngripende úterlike feroarings makke:
- In fernijde, mear moderne layout
- Yntegraasje fan sosjale media
- It foarum is fuorthelle om’t it kwealik brûkt waard
- Oare menustruktueren
- Promininter plak fan it Skanoskrift
Op dit stuit is de webside noch in betaferzje, om’t er noch net oan alle úteinlike betingsten foldocht. Sa moat er op ‘e nij twatalich wurde en sille hjir en dêr noch saken oanpasse wurde. Suggestjes en problemen binne altiten wolkom op jj @ skanomodu . nl.

Frisian_RUG

hip. Mar wêr binne de emoticons ?
hjirre
kinst se dus gewoan sjen litte troch : – ) oan elkoar te typen
Ja mar sokke dinkjes as de krystman, hoe mut ik dy meitsje :s
:-s
Wannear brûkst dy no?
DJ om ‘e hjouwerkletter.
Linich hear!
Glückwunsch zur neuen Seite. Ik moat der noch efkes oan wenne mar it sjocht wol moai út.