It ûndersyk fan Truus de Vries oer de fersteanberens fan it Frysk foar Nederlânske dialektpraters is op ‘e nij yn de belangstelling. It ûndersyk wat se op de Dei fan de Fryske taalkunde presinteare hie, hat se fierder útwurke. Op woansdei 9 febrewaris stie der in stik oer yn de Ljouwerter krante. Tongersdeitemoarn hat Truus op de radio west om deroer te fertellen. Boppedat stiet it ûndersyk yn de nije útjefte fan Us Wurk. Truus sil meikoarten foar in projekt op de Fryske Akademy oan de gong.

Frisian_RUG

De lêste reaksjes