Lúshâlding, it debút fan Geart Tigchelaar is ferskynd.
Geart Tigchelaar (24 jier âld) hat in humoristysk en tagelyk werkenber ferhaal skreaun oer in singeliere luzefamylje mei in hiel soad bern. Kom yn ’e kunde mei Koate, Dwatte, Poatse, Mertsje en Akseltsje en al dy oaren.
’t Is krekt de minskewrâld. Of net?
Hindrik Wiebe Rinzema, dy’t op dit stuit yn Oaxaca (Meksiko) wennet, makke de yllustraasjes by dit boek.
Geart Tigchelaar skreau earder mei Dirk Jan Muntendam De kweeste fan Ridder Pieter. Hy spilet yn de rockband Kramtried, hat Frysk studearre en sit yn de redaksje fan it multymediale, literêre tydskrift Ensafh.
Boekgegevens:
Geart Tigchelaar, Lúshâlding, Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2011
Mei tekeningen fan H.W. Rinzema. Paperback, 110 siden
ISBN 978 90 330 0998 3; ferkeappriis: € 14,50


Frisian_RUG

De lêste reaksjes