• Thús
    • Oer dizze side
  • Rêd Frysk!
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Liskje op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!

Omrop Fryslân

Harkiten winne beslissingsduel
LDODK ferliest fan koprinner
Naturistekemping 50 jier
Foto's dossier Vaatstra op
Nij rekôr roei-alvestêdet
De Vries rapste op 1000 meter
Frou mei auto yn sleat
Hurdrider rydbewiis kwyt
Fytster ferwûne op 'e
Roemenen oppakt foar stellerij

Jan Ybema wint Diktee Skanomodu

02 mrt
2011
Publisearre troch JurritJan

It troch stúdzjeferiening Skanomodu organisearre Grut Frysk diktee is juster wûn troch studint Fryske taal en kultuer Jan Ybema. Mei fjouwer flaters hat hy de tekst, dy’t skreaun wie troch Pieter Breuker, it bêste skreaun fan alle tweintich dielnimmers.

“It waar as bedriging”, sa wie de titel fan de tekst dy’t de dielnimmers op papier sette moasten; in maatskippij-krityske boadskip, illustrearre troch it deistige waarberjocht, brocht de kandidaten yn 23 sinnen nei de moraal fan it ferhaal: “Haboes!”. De tekst hifke, sûnder dat de wurden al te útwrydsk wienen, de stavering fan it Frysk.

Jan Ybema, sûnt dit jier einredakteur fan it Skanoskrift, wie fansels út de skroeven mei de winst, de ivige rom en in boekebon fan tsien euro. Hy wie ien fan de benjamins fan it selskip en moast it opnimme tsjin benammen âldere studinten. Alumni Anouk Doornbos en Truus de Vries ha it him knap lestich makke en behellen ex aequo it twadde plak, ek (justjes minder) ivige rom, en elk in boekebon fan fiif euro. De korrektoaren, âld-dosint Taalfeardigens Pieter Breuker en hjoeddeistich dosint Taalfeardigens Anne Popkema, hawwe yn in oere tiid alle tweintich de diktees neisjoen en dêr kumulatyf rûchwei 600 flaters úthelle; in gemiddelde fan 30 flaters de man dus.

De folsleine tekst is hjirûnder te delladen. Ek in filmke, opnommen wilens it foarlêzen fan it diktee, sil online komme. De foto’s binne der alfêst, sjoch hjirûnder.

  • Tekst Grut Frysk diktee Skanomodu 2011 (PDF-bestân)

  • Tweet
  1. JJ
    17 februari 2011 at 23:14 | Permalink

    Dêr bin ik by fansels (at myn fytsbannen it oant dy tiid oerlibje, hin Johannes)

  2. DJ
    1 maart 2011 at 14:30 | Permalink

    Jaa ik bin der ek by. Fansels is JJ de grutte favoryt yn myn eagen. Dit fansels troch it feit dat JJ hast it grut Frysk Diktee wûn hie wooT

  3. JJ
    1 maart 2011 at 14:36 | Permalink

    Haha, lis de druk der mar wer op. Ik set myn jild lykwols yn op de jonge garde, dat wol sizze: ien fan de redakteuren fan it Skanoskrift.

  4. DJ
    1 maart 2011 at 15:26 | Permalink

    Oh ik net. Do mut mar winne roflol

  5. Pieter Breuker
    1 maart 2011 at 15:54 | Permalink

    Hearen, hearen,

    Wat meitsje jimme jim al drok! (Dat is oars wol mei rjocht hear: it giet om in p i t t i c h diktee …,mar fansels mei ivige rom foar de winner!)

    Pieter Breuker

  6. Geart
    3 maart 2011 at 07:31 | Permalink

    Kreas, Jan. Lokwinske.

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • D66-fraksje yn Twadde Keamer wol stúdzje Frysk yn Grins behâlde http://t.co/CZIQenWe
    about 1 day ago
  • je neemt rationelere beslissingen in je tweede taal: http://t.co/ka5qRuGv
    01 mei 2012
  • It hat in Lange dei west, lang genôch om hashtag frysk op 1 te krijen. No dy bama noch. Twitter on.
    19 april 2012
  • Studinten Frysk twitterje foar in folsleine BA/MA-stúdzje Frysk. It #Frysk kin net sûnder. Stypje de aksjes op http://t.co/bq4ykqMp
    19 april 2012
  • mooi! #frysk staat boven aan het lijstje met hashtags in Nederland vandaag!
    19 april 2012
  • Welkom freugde fan de wrâld. Én hjoed mar omraak twitterje.
    19 april 2012
  • Deputearre Steaten fan Fryslân tsjin besunigings op stúdzje Frysk yn Grins http://t.co/gWyTTgo7
    18 april 2012
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe