In fraach foar studinten Frysk tusken 18 en 30 jier: Arina Banga, in promovenda út Nijmegen, siket Frysktalige proefpersoanen foar in eksperimint foar in taalûndersyk. Se hat no foar har ûndersyk noch sa ‘n 15 oant 20 proefpersoanen nedich. Op 23 maaie is se wer foar it eksperimint yn it Harmonygebou yn Grins. Har eksperimint duorret ûngefear 15 minuten en proefpersoanen kinne der 2 euro mei fertsjinje. Truus de Vries helpt har by it ôfnimmen fan it eksperimint.
Wolsto der oan meidwaan? Stjoer dan efkes in mailtsje nei skanomail@skanomodu.nl. Arina sit dy deis boppe yn ’e kantine, yn elts gefal fan 12 oere ôf.

Frisian_RUG

De lêste reaksjes