It FeRstival belibbet fan’t jier de 69ste edysje. De foardrachtskriich rint treflik: ôfrûne jier diene 148 learlingen mei oan de fjouwer foarrondes en 40 dêrfan gongen troch nei de finale. Ek fan ‘t jier sille dielnimmers it toaniel opstappe en besykje it gedicht sa moai mooglik foar te dragen.
Hjirby wurdt it fersyk dien om (in) fers(en) te leverjen foar it FeRstival. Wurde de fersen geskikt achte, dan sille dy bondele wurde yn it boekje FeRsefariaasje. Dat sil nei de skoallen stjoerd wurde en dêr kinne de meidoggers dan in fers út kieze. Der binne trije skiften:
- Starters: 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
- Trochsetters: 2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
- Toppers: 4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 jier en âlder.
De groep Starters is de grutste, dus binne dêr ek de measte gedichten foar nedich. De útdaging is om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kieze faak moderne poëzij.
De fergoeding is €75 as de kommisje in fers útkiest. Dy kar sil dien wurde troch Gerda van der Wijk, Tsjerk Veenstra en Douwe Kootstra. Sy witte net wa’t de skriuwers binne at se de fersen beoardielje.
Graach bydrage(s) foar 1 juny o.s. nei:
FeRstival / J. Bangma, Lavendelheide 21, 9202 PD Drachten óf
In protte ynspiraasje tawinske!

Frisian_RUG

De lêste reaksjes