FLAAMSK-FRYSKE JUN YN SANFURD
Mei David van Reybrouck
De tredde kulturele midsimmerjûn fan de Gerben Rypma-stifting hat dit jier in ynternasj
onale kleur. Op sneon 18 juny litte yn Sânfurd by de Aldegeaster Brekken fjouwer Flaamske en Fryske skriuwers en dichters harren lûd en stim hearre: David Van Reybrouck, Maarten Inghels, Simon Oosting en Arjan Hut. In reade tried yn it programma is de maatskiplike belutsenens fan de hjoeddeiske skriuwer-keunstner. David Van Reybrouck – hy krige ferline jier de AKO-literatuerpriis foar syn boek Congo. Een geschiedenis – wurdt ynterviewd troch Steven de Winter en Ernst Bruinsma. Tusken de bedriuwen troch en nei ôfrin is der muzyk fan de Russyske akkordeonist Oleg Fateev. In tal fan syn komposysjes docht er tegearre mei de Brasiliaanske sjongeres en perkusjoniste Simone Sou. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Eeltsje Hettinga.
Iepening: 19.45 oere
Entree: 15 Euro
Kaarten (à €. 15,00) bestelle fia gerbenrypma@home.nl
_________________________________________________________________________
David Van Reybrouck is de auteur fan it wilens mei prizen oerladen boek Congo. Een geschiedenis. ‘Een knap gecomponeerd verhaal over slavernij en kolonialisme, veerkracht en overleven. Een meeslepend geschiedeniswerk van een historicus én romancier,’ skreau de sjuery oer dit mei de AKO-literatuerpriis fan 2010 bekroande boek. Van Reybrouck, teffens foarsitter fan de Flaamske PENN, is ek de auteur fan it pamflet Pleidooi voor populisme (2008), al is dat perfoarst gjin pleit foar it ‘duistere populisme’ fan partijen as dy fan Geert Wilders of Filip de Winter. Op ’e jûn yn Sânfurd sil Van Reybrouck wiidweidich ynterviewd wurde troch Steven de Winter, ûndersykssjoernalist en âld TV -dokumintêremakker by de VPRO, en Ernst Bruinsma, literatuerwittenskipper en haadredakteur fan it tydskrift de Moanne.
Dichter, skriuwer en kollumnist Maarten Inghels is ien fan de meast talintfolle dichters fan de jongste skriuwersgeneraasje yn Flaanderen. Mei syn twadde, rûnom goed ûntfongen dichtbondel Waakzaam lit Inghels him sjen, mar foaral ek hearre – hy is in izersterke performer – as in skriuwer mei in dúdlik maatskiplik engaazjemint. ‘Zijn gedichten gaan als mokerslagen nog harder in tegen de onverschilligheid, de verwarring en orakeltaal.’
Dichter-skriuwer Simon Oosting, universitêr dosint by de ôfdieling Dierwetenschappen yn Wageningen –  hy hâldt him foaral dwaande mei de maatskiplike kant fan it hâlden fan bisten – debutearre yn 2007 mei de dichtbondel Rauwe fisken op wynfear wolkens. ‘In lette debutant, mar wol in sterke debutant,’ skreau it tydskrift Go-Gol.
Arjan Hut is ien fan de meast talintfolle dichters by de jongste generaasje Fryske skriuwers. Syn wurk is muzikaal, fernimstich en byldryk. Klassyk is syn gedicht ‘Fjoertoer de Aldehou’. Hut skreau kollums foar Omrop Fryslân, makke it literêre tydskrift Doar, wie de earste offisjele beneamde stedsdichter fan Ljouwert en skriuwt resinsjes foar it Friesch Dagblad en de Moanne. Under de titel Tin kaam dit jier fan him in tredde poëzybondel út.
Oleg Fateev, berne yn Moldavië, part fan de eardere Sovjet-Uny, wennet sûnt 1996 yn Nederlân. Hy studearre Russyske muzyk oan de muzykakademy yn Moskou. Fateev is in firtuoze bayanspiler. ‘Prachtige, ontroerende melodieën, gecomponeerd door Fateev, die de avonturen van de Rus nog meer lading en melancholie meegeven,’ skreau NRC oer ien fan syn konserten. Yn Sânfurd spilet Fateev tegearre mei Simone Sou, perkusjoniste en sjongeres. Har wurk, in miks fan punk, hard rock, hip-hop, klassike muzyk en folksmuzyk, is spannend, sensasjoneel en foaral útdaagjend.


Frisian_RUG

De lêste reaksjes