Ensafh.’s André Looijenga (jim wite wol, de man dy’t earste wurden is by it Grut Frysk diktee 2010) besprekt op www.ensafh.nl De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-linich’ fan Skingen, by Skanomodu better bekend as it Breukerboek. Hy neamt it ûnder oaren “Gjin bondel mei linguïstyske of keatshistoaryske stúdzjes, mar in boartlike Fryske kaairoman.”
Dêrnjonken seit er: “De Kweeste is gjin Onder Professoren, mar earder Monty Python op syn Frysk. It sit grôtfol allúzjes, op Homêros, it Oera-Linda-Boek, Tolkien en folle net genôch. Men rekket suver yn ’e tiis fan alle nei Fryske motiven ferwizende sydpaden.”
It folsleine besprek is te lêzen op de webside fan Ensafh: www.ensafh.nl/?p=16313

Frisian_RUG

De lêste reaksjes