Bistû de nije Tini Mulder? Of liket it dy gewoan aardich om in kear in ferhaal fan dysels publisearre te sjen? De redaksje fan Skanoskrift jout dy no de mooglikheid om dyn keunsten sjen te litten.Skriuw in ferhaal fan maks. 6 skanosiden (2280 wurden) mei as tema winter/kryst en stjoer it op nei redaksje@skanomodu.nl foar 19 desimber. Dat mei yn proaza, op rym, realistysk, fiktyf, wat foar sjenre dy mar leit. It moaiste stik wurdt opnommen yn it kommende skrift. Foar de winner is der ek noch in pryske. De redaksje is hiel benijd nei it kreative fermogen fan de lju yn ús fermidden.
Sjueryleden: Jan Ybema en Tsjomme Dijkstra

Frisian_RUG

De lêste reaksjes