Under it menukopke Argyf en dêrnei Ferieningsblêd steane de twa nijste edysjes fan it Skanoskrift, dy’t fan hjoed ôf del te laden binne. It nijste nûmer befettet in soartefan evaluaasje fan it ôfskie fan Pieter Breuker en de komst fan Anne Popkema, Tsjomme Dijkstra stelt him foar yn de rubryk – it kin hast al rieden wurde – Eefkes foarstelle, Babs Gezelle Meerburg docht út de doeken hoe’t it stelt is mei it Frysk op ‘e wurkflier en it amateurtoaniel yn Fryslân wurdt neier besjoen. Mar fansels stiet der noch folle mear yn! Bledderje dus gau troch de papieren ferzje dy’t de leden thússtjoerd krigen hawwe of klik hjir om him digitaal te delladen.

Frisian_RUG

De lêste reaksjes