Ferskate gearwurkjende kulturele ynstellings út Ljouwert organisearje fan 18
oan en mei 25 april it twadde Jiddysk Festival Ljouwert. It tema is ‘A velt
mit veltlekh’ (In wrâld mei wrâlden). It giet der om hoe’t talen en
kultueren bewarre bliuwe kinne, tegearre mei oare talen en kultueren. Der
wurdt ek sjoen nei it plak fan de Jiddyske taal en kultuer yn ‘gastlân’
Fryslân. Yn it festival wurdt socht nei ferskillen en oerienkomsten tusken
de talen Jiddysk en Frysk. In sympoasium mei as titel ‘De wrâld fan it
Jiddysk en oare lytse talen’ giet spesifyk op dit tema yn.
Der binne ek konserten fan de ferneamde Shtetlband út Amsterdam en fan
ynternasjonale topartysten út Moldavië; der binne workshops fan
ynternasjonaal bekende dosinten; in Jiddyske taalworkshop foar begjinners;
lęzings; in lytse útstalling; in filmprogramma; kuiertochten troch Ljouwert
en jamsessys yn inkele kafees. Topmuzikanten en dosinten út de hiele wrâld
sille mekoar moetsje om de woartels en de takomst fan de Jiddyske kultuer en
muzyk te űndersykjen.
Nij yn it programma is it koarenprojekt; sa’n tsien koaren út Fryslân hawwe
Jiddyske lieten ynstudearre. Dizze lieten wurde op sneon 24 april om alve
oere songen yn de hal fan it stedskantoar oan it Aldehoustertsjerkhôf.
De oanlieding foar it festival is de oanwęzigens fan de Fuks-kolleksje by
Tresoar. Dizze kolleksje fan sa’n 3.000 wichtige boeken oer Jiddyske taal en
kultuer is yn 1990 troch dr. Leo Fuks oan de provinsje Fryslân neilitten. Om
it festival breder en oantrekliker te meitsjen hat Tresoar gearwurke mei de
Fryske Akademy, Histoarysk Sintrum Ljouwert, Fries Museum, Verzetsmuseum,
Keunstwurk en Centrum voor Film in Friesland.
Foar alle ynformaasje oer it festival, sjoch
www.jiddischfestivalleeuwarden.nl

Frisian_RUG

De lêste reaksjes