
Op 6 september 2010 sil it Akademysk Jier 2010-2011 úteinsette. Hielendal neffens tradysje sil ek dit jier wer in moai evenemint organisearre wurde. Njonken de toast fan de Rector Magnificus mei alle studinten en de bordesscene mei de bestjoeren fan alle Grinzer studinte- en stúdzjeferienigings, sil der in grut feest plakfine op it Broerplein foar it Akademygebou, yn it sintrum fan Grins. Fierder sil der genôch te iten en te drinken wêze, net al te djoer. It programma sil fan 17.15 oant likernôch 23.00 oere duorje en hat ûnder oaren dizze ûnderdielen:
- Speech fan de Rector Magnificus
- Toast mei gratis champagne
- Bekendmakking namme nije tentamenhal
- Ferskate artysten
Kom allegearre, sjoch hoe’t professoaren en studinten tegearre it nije stúdzjejier iepenje en proast op de iepening mei de Rector Magnificus!
Sjoch foar mear ynformaasje: www.rug.nl/opening

Frisian_RUG

De lêste reaksjes