Smearlappen ha der altyd al west, mar wa is de echte smearlap yn it Fryske boek ‘De smearlappen’ fan Anne Wadman? Op woansdei 1 desimber (19.30 oere) wurdt der yn de biblioteek op It Hearrenfean in jûn organisearre oer it tredde boek dat yn de rige FLST – Fryslân lêst syn toppers – opnij ferskynd is. In boek oer in heit dy’t obsedearre is troch syn stambeam en dêrtroch syn dochter wat oan har lot oerlit en tsja…dan is de dochter yn ferwachting en se wit net krekt wa’t de heit is. Hoe no?? De tagong is € 3,50 (ynklusyf kofje, tee, drankje)Programma
Janny van der Molen hat de de lieding oer de jûn. Joke Corporaal sil wat foarlêze út har dissertaasje oer de skriuwer Wadman. Fierders binne der ynterviews mei minsken dy’t mei nije feiten oer it boek komme. Ellen van der Ploeg fan Fier Fryslân sil fertelle oer de Eelkjes fan hjoeddedei. As tajefte krije de minsken de ballade fan ‘De smearlappen’ te hearren, dy’t apart foar dizze gelegenheid skreaun is troch muzikante Grytsje Kingma. Besikers fan dizze jûn krije it boek ‘De smearlappen’ fergees mei nei hûs.
Besikers yn de biblioteek kinne in fitrine besjen dêr’t û.o in hânskrift fan de skriuwer ynleit en de earste printinge fan it boek. Op www.sirkwy.nl kin de ynteressearre lêzer al artikels fine dy’t skreaun binne oer it boek. Mear ynformaasje oer it projekt FLST en de aktiviteiten is te finen op de www.flst.nl webside.
Fryslân lêst syn Toppers is in projekt om it nocht oan it lêzen fan Fryske Literatuer te befoarderjen. ‘De smearlappen’ is it tredde boek yn de rige ‘Fryslân lêst syn toppers’. Op Falentynsdei 2011 wurdt de fjirde titel yn de rige bysûndere romans útjûn. Lêzers dy’t har miening oer it boek jaan wolle of eftergrûnynformaasje opfreegje wolle, kinne telâne op de literêre webside www.sirkwy.nl
Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan Biblioteek Service Fryslân, It Fryske Boek en Tresoar.

Frisian_RUG

De lêste reaksjes