• Thús
    • Oer dizze side
  • Rêd Frysk!
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Liskje op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!

Omrop Fryslân

LDODK ferliest fan koprinner
Naturistecamping 50 jier
Foto's dossier Vaatstra op
Nij rekôr roei-alvestêdet
De Vries rapste op 1000 meter
Frou mei auto yn sleat
Hurdrider rydbewiis kwyt
Fytster ferwûne op 'e
Roemenen oppakt foar stellerij
Ferwûne by botsing motors

Fjildferhalewedstriid Rink van der Velde

27 mei
2010
Publisearre troch JurritJan

Rink van der Velde wie in grutmaster op it gebiet fan it koarte ferhaal. Ferneamd binne syn kroech- en fjildferhalen en fansels syn Bokwerder stikken.
Yn it ramt fan it Rink van der Veldejier dat troch de gemeente Smellingerlân organisearre is yn 2010 wurde jo troch de gemeente útnoege om mei te dwaan oan de fjildferhalewedstriid. Skriuw in fjildferhaal dat ynspirearre is troch it wurk fan it Rink van der Velde! Hy wie in grut leafhawwer fan De Deelen en de natuergebieten fan It Fryske Gea, lykas de Alde Feanen en it wetterlân by De Feanhoop wêr’t syn arkje lei. Sels mocht er ek graach fiskje of jeie of nei de avontoeren
harkje fan natoerminsken dyÂ’t er gauris yn syn stamkroech trof.

Reglemint
Jo bydrage oan de wedstriid is in koart ferhaal fan op syn heechst 750 wurden. De ynstjoerings kinne yn it Frysk of yn it Bokwerts skreaun wêze. It tema foar dizze ferhalen is: natoer en fjild fan Fryslân. De ferhalen moatte typt of as print oanlevere wurde. Ferhalen dy’t mei de hân skreaun binne, dogge net mei.

Set jo namme en folsleine postadres oan de boppekant fan jo ynstjoering. Ynstjoerde ferhalen wurde net weromstjoerd, it is dus saak om sels altiten in kopy te bewarjen!

Allinne ferhalen dy’t net earder publisearre binne, kinne meidwaan oan dizze wedstriid. De organisaasje fan it Rink van der Veldejier hat it earste publikaasjerjocht fan de trije winnende ferhalen. Nei ôfrin fan de wedstriid kinne de dielnimmers oan de ferhalewedstriid har bydragen fansels wer op eigen manneboet foar publikaasje oanbiede oan tydskriftredaksjes en útjouwerijen.

De trije winnende ferhalen wurde publisearre yn: it ledeblêd fan It Fryske Gea en it blêd fan Smelne’s Erfskip.

Termyn
Jo kinne jo fjildferhaal oant 1 augustus 2010 ynstjoere oan Ynskje Hoekstra, gemeente Smellingerlan, Postbus 10.000, 9200 HA Drachten of oan it e-mailadres y.hoekstra @ smallingerland . nl.
Uterlik 1 oktober 2010 krije de priiswinners bericht. De earste priis bestiet út: € 150,-. De twadde en tredde priis binne € 50,- en de sân oare bekroande ynstjoerings krije in boekepakket kado. De priisútrikking fynt plak tiidens de ôfslutende jûn fan it Rink van der Veldjier yn kafee Marktsicht yn Drachten ein 2010. De sjuery bestiet út: Ynskje Hoekstra, Jelma Knol, en Fokke Wester.

Foar mear ynformaasje oer it Rink van der Veldejier ferwize wy jo nei de website fan de gemeente Smallingerlân: www.smallingerland.nl

  • Tweet

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • D66-fraksje yn Twadde Keamer wol stúdzje Frysk yn Grins behâlde http://t.co/CZIQenWe
    about 1 day ago
  • je neemt rationelere beslissingen in je tweede taal: http://t.co/ka5qRuGv
    01 mei 2012
  • It hat in Lange dei west, lang genôch om hashtag frysk op 1 te krijen. No dy bama noch. Twitter on.
    19 april 2012
  • Studinten Frysk twitterje foar in folsleine BA/MA-stúdzje Frysk. It #Frysk kin net sûnder. Stypje de aksjes op http://t.co/bq4ykqMp
    19 april 2012
  • mooi! #frysk staat boven aan het lijstje met hashtags in Nederland vandaag!
    19 april 2012
  • Welkom freugde fan de wrâld. Én hjoed mar omraak twitterje.
    19 april 2012
  • Deputearre Steaten fan Fryslân tsjin besunigings op stúdzje Frysk yn Grins http://t.co/gWyTTgo7
    18 april 2012
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe