Earste Jules Verne yn it FryskOp tiisdei 7 septimber 2010 hat offisjeel de presintaasje plak fan it boek In wrâldreis yn 80 dagen, de oersetting fan ien fan de meast lêzen boeken fan Jules Verne. De boeken fan Jules Verne binne oersetten yn in lytse 100 talen en wy meie der wer in taal by rekkenje want Le Tour du monde en 80 jours is it earste boek dêr’t in oersetting fan is yn it Frysk. It Jules Verne Genootschap wol mei dizze oersetting de bekindheid fan Jules Verne yn it Fryske gebiet fergrutsje. It is neffens harren in goed ding dat wrâldliteratuer yn de folkstaal beskikber is. Dêrby soe it boek hiel geskikt wêze yn it ûnderwiis. De oersetting troch Syt Bakker-Palma is folledich en alhiel ûnferkoart, ek de gravueres binne krektlyk as yn it oarspronklike boek. It boek, dat 258 siden telt, is hjir te bestellen foar € 17,-.
Presintaasje yn Tresoar
De presintaasje sil barre yn de Gysbert Japicxseal by Tresoar yn it kader fan de Moanne fan it Fryske Boek. It sil duorje fan 20:00 oere oant likernôch 22:00 oere en de jûn sil begjinne mei in koarte lêzing oer Jules Verne en de reis om de wrâld. Dan sil de oersetster fertelle oer har finings wilens it oersetten. De jûn wurdt ferfolge mei de oanbieding fan it boek oan reisskriuwer en seesiler Eerde Beulakker, dy’t oan it wurd litten wurdt oer de Jules Verne trofee. Dêrnei is der in koart skoft. Nei it skoft sil Teake Oppewal in paneldiskusje liede mei diskussianten Syt Bakker-Palma, Nynke Beetstra en Eric Hoekstra oer it belang fan it oersetten fan in klasiker yn it Frysk. Mear ynformaasje kinne jo hjir fine. De tagong is fergees en alle belangstellenden binne fan herte wolkom.

Frisian_RUG

De lêste reaksjes