• Thús
    • Oer dizze side
  • Rêd Frysk!
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Liskje op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!

Omrop Fryslân

LDODK ferliest fan koprinner
Naturistecamping 50 jier
Foto's dossier Vaatstra op
Nij rekôr roei-alvestêdet
De Vries rapste op 1000 meter
Frou mei auto yn sleat
Hurdrider rydbewiis kwyt
Fytster ferwûne op 'e
Roemenen oppakt foar stellerij
Ferwûne by botsing motors

Bremmer leart akteurs Aldfrysk

24 jun
2010
Publisearre troch JurritJan

Jan Decleir spilet de rol fan preker Bonifatius yn de film De schaduw van Bonifatius, dy’t op 29 juny yn premiêre giet. Yn de film stiet de konfrontaasje tusken de âlde heidenske Friezen en de kristlike bekearders Bonifatius en Willibrord sintraal. Njonken de prekers sels spylje ek heidenske goaden lykas in bosknimf in wichtige rol. De spannings tusken de groepen komme ta in útboarsting as Bonifatius en syn mannen de hillige iik fan de Friezen omkappet.

De schaduw van Bonifatius is in produksje fan de Nederlandse Film en Televisie Academie yn Amsterdam en fan de omroporganisaasjes AVRO en NCRV. It is de earste Nederlânske film dy’t gebrûk makket fan de techniken fan The Lord of the Rings en Pirates of the Caribbean. Kompjûteranimaasjes spylje in grutte rol en meitsje foar in grut part de sfear fan de film út.

Tige bysûnder is de taal dy’t de haadfigueren yn de film prate. Bonifatius en syn mannen kamen út it Ingelân fan de 8e ieu en prate Aldingelsk, wylst de Friezen it nau besibbe Aldfrysk praten. Dy twa talen liken doe safolle opinoar dat Bonifatius him yn Fryslân net hoegde te ferbrekken.

De akteurs hawwe de beide âlde talen leard fan perfester Rolf Bremmer fan de ryksuniversiteit yn Leien. Hy is heechlearaar Frysk en saakkundige op it mêd fan Aldgermaanske talen. Bremmer: “De producer Mels Kroon is mei lûdsapparatuer nei myn keamer ta kommen om my alle Latynske, Aldingelske en Aldfryske teksten ynprate te litten. Dêr hawwe de akteurs earst mei oefene. Yn jannewaris kamen de haadrolspilers nei Leien om ûnder lieding fan regisseur Thijs Schreuder mei my te oefenjen. Ik fyn it fantastysk dat ik sa’n grut akteur as Jan Decleir helpe mei by it learen fan it Aldingelsk. Ynienen wurde dy deade talen wer sa libben as in hert!”

Tsjinspiler fan Decleir is Tryater-akteur Jan Arendz yn de rol fan Frysk stamhaad. De rezjy is yn ‘e hannen fan Thijs Schreuder. De film is fan ‘t simmer earst yn bioskopen yn ‘e Rânestêd te sjen en komt letter miskien ek nei Fryslân ta. Hy is fierder te sjen op it Nederlands Film Festival yn Utert en wurdt ein fan it jier ek troch de AVRO op ‘e televyzje útstjoerd.

Boarne: www.itnijs.nl

  • Tweet

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • D66-fraksje yn Twadde Keamer wol stúdzje Frysk yn Grins behâlde http://t.co/CZIQenWe
    about 1 day ago
  • je neemt rationelere beslissingen in je tweede taal: http://t.co/ka5qRuGv
    01 mei 2012
  • It hat in Lange dei west, lang genôch om hashtag frysk op 1 te krijen. No dy bama noch. Twitter on.
    19 april 2012
  • Studinten Frysk twitterje foar in folsleine BA/MA-stúdzje Frysk. It #Frysk kin net sûnder. Stypje de aksjes op http://t.co/bq4ykqMp
    19 april 2012
  • mooi! #frysk staat boven aan het lijstje met hashtags in Nederland vandaag!
    19 april 2012
  • Welkom freugde fan de wrâld. Én hjoed mar omraak twitterje.
    19 april 2012
  • Deputearre Steaten fan Fryslân tsjin besunigings op stúdzje Frysk yn Grins http://t.co/gWyTTgo7
    18 april 2012
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe