Op sneon 22 maaie fynt foar de 19e kear it Frysk sjongfestival Liet plak yn Stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert. Oanfang 20.15 oere. Kaartsjes keapje kin online op de webside fan De Harmonie.Yn de moanne april hawwe der yn Heech, St. Japik, Kollum, Easterwâlde en Ljouwert foarwedstriden plakfûn. Ut de yn totaal 38 dielnimmers hat de sjuery tsien dielnimmers selektearre. Dat binne Fjoerich Famke, NNB, Carla deWal, Louiza Saitova, The Oak and the Ash, Equal Souls, Van Geeft’ m, Ramsk, Carolien Hunneman & de Sluus en Nynke & Wiljo. De alfde dielnimmer, Rob du Jardin, hat mei tank oan in spannende ferkiezing op de webside fan Liet, in wildcard fertsjinne.
Fan it jier is der op ‘e nij in grut ferskaat oan dielnimmers en muzykstilen. Fan Keltyske folk oant punkrock, fan meisjongers oant singer songwriters. Opfallend is de dielname fan in Tsjetsjeenske sjongeres dy’t yn it Frysk sjongt. Neist it Frysk binne der fan it jier ek nûmers yn it Amelânsk en it Stellingwerfsk te hearren.
De faksjuery, besteande út Wim Brons, Meta Witkamp, Hedser Tijtsma, Geertrui Visser en sjueryfoarsitter Frits Sieswerda, hat de taak om de winner te bepalen. Dy winner sil Fryslân fertsjinwurdigje op Liet Ynternasjonaal letter dit jier.
De presintaasje is dizze jûn yn hannen fan âld-Lietwinner Robbie van Wieren en Lietbestjoerslid / Skanomodulid Froukje Sijtsma.

Frisian_RUG

De lêste reaksjes