• Thús
    • Oer dizze side
  • Rêd Frysk!
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Liskje op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!

Omrop Fryslân

LDODK ferliest fan koprinner
Naturistecamping 50 jier
Foto's dossier Vaatstra op
Nij rekôr roei-alvestêdet
De Vries rapste op 1000 meter
Frou mei auto yn sleat
Hurdrider rydbewiis kwyt
Fytster ferwûne op 'e
Roemenen oppakt foar stellerij
Ferwûne by botsing motors

Ynterfrysk kongres yn ‘Ostfriesland’

11 mrt
2009
Publisearre troch JurritJan

Ek niget oan Frysk, Fryslân en Ynterfryske Kontakten? Gean dan ris mei nei it Ynterfrysk Kongres. Elkenien is fan herten wolkom op it 24e kongres fan de Ynterfryske Rie. It trijejierlikse kongres wurdt diz’ kear holden yn Lier (Leer), yn it Dútske East-Fryslân. In prachtige âlde stêd, dêr’t noch in soad Nederlânske ynfloeden te merkbiten binne. It tema fan it kongres is It Tij Keart (‘Gezeitenwechsel’). It programma jout rom gelegenheid om mei oare Friezen yn kontakt te kommen.It programma sjocht der sa út:

Sneon 13 juny 2009

10.00 – 10.15 Iepenjen, wolkom
10.15 – 10.45 Ynlieding troch Prof. Dr. K.E. Behre fan it Nds. Inst. für Hist. Küstenforschung yn Wilhelmshaven. Behre jout in histoarysk oersjoch fan kustbeskerming troch de ieuwen hinne.

Skoft

11.15 – 11.45 Ynlieding troch Prof. Dr. Hans von Storch, direkteur fan it Institut für Küstenforschung yn Geesthacht, oer de aktuele kustbeskerming.

Skoft

12.15 – 12.45 Ynlieding troch Hanz Niemeyer, meiwurker fan it Nds. Landesbetrieb für Wasserwirtschaft, Küsten- und Naturschutz (NLWKN).

Middeismiel

13.30 – 14.15 – Wolkom troch boargemaster en oare wichtige fertsjintwurdigers út de regio
- Oerdracht foarsittersskip en sekretariaat Ynterfryske Rie fan seksje East nei seksje West
14.15 – 17.00 Diskusje ûnder lieding fan Ludger Abeln, meiwurker fan de NDR, bekend fan
 Platdútske TV. Elkenien wurdt útnoege om mei te praten.
17.00 – 19.00 Gjin sintraal programma. Nei eigen ynsjoch yn te foljen. In suggestje is in besite oan it Heimat Museum
Fan 19.00 ôf Jûnsprogramma oan board fan de Warsteiner Admiraal mei iten en muzyk

Nei elke ynlieding sil in koarte gearfetting yn it Ingelsk jûn wurde. Programmawizigings foarbehâlden.

Snein 14 juny 2009

Moarns
kar-út in trijetal programma-ûnderdielen:

- besite oan de Upstalsboom yn Auerk (Aurich), op eigen gelegenheid

- besite oan ien fan de tsjerketsjinsten yn Lier (Leer), op eigen gelegenheid

- 11.00 oere stedskuier troch de Altstad fan Lier (Leer) en besite oan it Haus Samson ûnder lieding fan Gerhard Cordes

Middeis: ôfreizgjen

—

Opjaan foar it kongres by Saapke Miedema,

saapke_miedema @ planet . nl

(eventueel binne har adres en tillefoannûmer op te freegjen by it bestjoer fan Skanomodu). Oernachting op eigen gelegenheid te boeken by de Tourist-Information fan de stêd Lier (Leer) (00 49 491 91 96 96, e-mail:

touristik @ leer . de

). As jo wolle kinne jo freegje nei de meiwurk(st)er dyÂ’t Nederlânsk praat. Kar-út oernachting yn de jeugdherberch** of tal fan hotels. It hiele sneonsprogramma spilet him allegearre op rinôfstân fan inoar yn it sintrum Lier (Leer) ôf.
De priis fan it kongresprogramma is € 35,- de man/frou (mar der is koarting foar studinten!). Dat is foar it kongres en it jûnsprogramma (boat, iten en muzyk). It is eksklusyf middeisiten en slieperij.
Jongerein kin koarting krije op de kongrespriis fia de Fryske Rie: ynformearje nei de mooglikheden by Saapke Miedema.
Nei jo/dyn opjefte wurdt in befêstiging en in rekken stjoerd. Opjefte is definityf neiÂ’t it beteljen fan de rekken, dan is de organisaasje wis fan jo/dyn dielname!

** der binne foar dit kongres in tal sliepplakken reservearre by de jeugdherberch (Jugendherberge Leer yn it sintrum. Dêr kinne jo by it boeken oan referearje. Tel. 00 49 491 21 26 of stjoer in mail nei

leer @ jugendherberge . de

. Priis oant 26 jier € 16,20/nacht, 27 jier en âlder € 19,20 (priis oernachting ynkl. moarnsbrochje en lekkens. Ienpersoanskeamer + € 10,00 p.p.p.n en twapersoanskeamer + € 5,00 p.p.p.n. Alle keamers mei dûs/wc.


  • Tweet

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • D66-fraksje yn Twadde Keamer wol stúdzje Frysk yn Grins behâlde http://t.co/CZIQenWe
    about 1 day ago
  • je neemt rationelere beslissingen in je tweede taal: http://t.co/ka5qRuGv
    01 mei 2012
  • It hat in Lange dei west, lang genôch om hashtag frysk op 1 te krijen. No dy bama noch. Twitter on.
    19 april 2012
  • Studinten Frysk twitterje foar in folsleine BA/MA-stúdzje Frysk. It #Frysk kin net sûnder. Stypje de aksjes op http://t.co/bq4ykqMp
    19 april 2012
  • mooi! #frysk staat boven aan het lijstje met hashtags in Nederland vandaag!
    19 april 2012
  • Welkom freugde fan de wrâld. Én hjoed mar omraak twitterje.
    19 april 2012
  • Deputearre Steaten fan Fryslân tsjin besunigings op stúdzje Frysk yn Grins http://t.co/gWyTTgo7
    18 april 2012
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe