Sneontejûn 14 maart hat Wouter Hamel optreden mei syn eigen band, de Basic Bigband en âldleden fan it Frysk Jeugdorkest; de lêste twa ûnder lieding fan Theo Brouwer. De jûn levere in bysûnder moaie muzikale kombinaasje op. Sa hawwe beide delegaasjes – Wouter Hamel en de muzikanten fan Theo Brouwer – eigen stikken spile, mar se hawwe foaral ek mei elkoar muzisearre. Bestjoerslid Gerbrich spile fioel by de âld-Frysk-jeugdorkest-leden. Al mei al in muzikaal heechsteand barren yn de grutte seal fan De Harmonie yn Ljouwert!
Update: in filmke fan Fynst oer dizze jûn stiet online. Sjoch inkelde Skanomodu-leden spetterjen yn dizze produksje!




Frisian_RUG

De lêste reaksjes