In Fries as folgjende ‘Dichter des Vaderlands’? Stim op Tsead Bruinja!
Fan 2 jannewaris ôf kinne jo stimme op de nije Dichter des Vaderlands. Jo kinne dêrby kieze út Tsead Bruinja, Joke van Leeuwen, Erik Menkveld, Ramsey Nasr en Hagar Peeters. Wêrom stimme op de Fryske dichter Tsead Bruinja? Lês syn plannen hjir. Dêryn lit Bruinja sjen dat er him net allinnich mar foar syn eigen wurk, mar him foaral ek foar de poëzij fan oaren ynsette wol.
Stimme kin fan 2 oant 27 jannewaris 2009 op www.dichterdesvaderlands.nl. At jo dêrby jo stim motivearje kinne, telt de stim dûbel. Minsken dy’t in motivearre stim útbringe, meitsje kâns om oanwêzich te wêzen by de streekrjochte opnames fan it tillevysjeprogramma Dichter des Vaderlands op 28 jannewaris. Hjiryn wurdt de útslach bekend makke.
Mear ynformaasje: www.dichterdesvaderlands.nl

Frisian_RUG

De lêste reaksjes