Sûnt dizze wike is der in nij Frysk e-mailprogramma beskikber. Mozilla Thunderbird 3 is it alternatyf foar Microsoft Outlook.De oersetters Wim Benes en Hindrik Sijens, dy’t ek al soarge hawwe foar de Fryske Firefox, binne al moannen dwaande mei de tarieding. De oersetting is op dit stuit hielendal klear en wurdt no flaterfrij makke. Se wurkje ek noch oan de kalinderapplikaasjes Lightning en Sunbird. It projekt wurdt mei mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân.
Mozilla-programma’s steane bekend om de feilichheid en de mooglikheden om it oan te passen oan jo eigen winsken. Thunderbird hat bygelyks in hiel goed spamfilter en beskerming tsjin fraude. Fierders is der in staveringshifker mei in Fryske wurdlist. Lightning kin yn Thunderbird ynstallearre wurde foar in eigen aginda of fan bygelyks Google.
It programma sels is noch net hielendal klear, der binne op dit stuit allinnich testferzjes beskikber. Dizze ferzje 3 bèta 2 is bedoeld om problemen op te sykjen en dêrnei op te lossen, sadat oer in pear moannen de definitive ferzje online komme kin.
Thunderbird 3 b2 kin ynladen wurde fanôf: www.mozillamessaging.com

Frisian_RUG

De lêste reaksjes