Op 20 novimber oansteande organisearret it Obe Postma Selskip yn it Frysk Histoarysk Sintrum Tresoar (Bûterhoeke 1, 8911 DH) yn Ljouwert in stúdzjedei oer de skiednis fan it ûndersyk fan de lânskippen yn Leech-Nederlân. Postma die omtrint in heale ieu ûndersyk nei de histoaryske geografy fan Fryslân en oangrinzende gebieten, skreau tsientallen bydragen oer de lânbouskiednis en it ferline fan it kultuerlânskip mei as wichtichste publikaasje it yn 1934 ferskynde De Friesche Kleihoeve.
Op de stúdzjedei wurdt it wurk fan Postma tsjin it ljocht hâlden en komt it wurk fan tiidgenoaten yn oare dielen fan Leech-Nederlân en dêrmei de skiednis fan it lânskipsûndersyk benammen yn it tiidrek 1800-1975 oan bod. Sprekkers binne Jan Bremer, Egge Knol, Adrie de Kraker, Herman Lambooij, Karel Leenders en Meindert Schroor. Deifoarsitter is Guus Borger.

Frisian_RUG

De lêste reaksjes