Op 24 april e.k. sil der yn Tresoar in sympoasium holden wurde oer it saneamde ‘Skriuwplankje fan Tolsum’.Plankje… dat mei klinke as wat nearzichs, mar dat is net sa. It skriuwplankje fan Tolsum is nammentlik it âldste skriftdokumint út de Nederlânske en dus ek út de Fryske skiednis. It waard yn 1914 opfandele út de terp fan Wurdum. De waaks op it plankje is mei in stift beskreaun en hoewol’t it dreech te lêzen wie, miende professor Vollgraf yn 1917 dat de tekst gie oer de ferkeap fan in ko. Mar… it plankje hat no foar ûndersyk mei de aldernijste metoades nei Oxford ta west om te sjen oft Vollgraf gelyk hie. En…
Op de 24ste komme bûtenlânske en binnenlânske heechleraren (ûnder wa ek de heechlearaar Fryske taal en kultuer Goffe Jensma) nei Ljouwert om yn in fjouwertal lêzingen te fertellen oer dit tige bisûndere histoaryske foarwerp.
Sjoch foar mear ynformaasje yn de offisjele útnoeging dy’t hjirûnder te downloaden is.

Frisian_RUG

De lêste reaksjes