Ynkoarten komt de Bosatlas fan Fryslân út! De presintaasje fan dat boek sil wêze op tongersdei 22 oktober en alle studinten Fryske Taal en Kultuer yn Grins binne útnoege om dêr by oanwêzich te wêzen.
De presintaasje is fan 14.45 oant likernôch 17.00 oere en sil plakfine yn Post Plaza yn Ljouwert (adres: Tweebaksmarkt 25). It earste eksimplaar sil oan Foppe de Haan útrikt wurde. Der sille twa lêzings hâlden wurde, nammentlik troch Peter Vroege en Meindert Schroor. It gehiel wurdt ôfsletten mei in buorrel.
As jim fan doel binne en kom nei de feestlike presintaasje, jou jim dan uterlik 13 oktober op troch in e-mail te stjoeren nei skanomail @ skanomodu . nl

Frisian_RUG

De lêste reaksjes