Op tongersdei 26 maart organisearret FFJ Bernlef in literêre jûn. Dizze jûn is foar elkenien tagonklik, dus net allinnich foar Bernlef-leden! Teake Oppewal, koördinator Fryske literatuerbefoardering, sil de jûn presintearje.
De earste gastsprekker is Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Jensma hâldt in lêzing oer it Oera Linda Boek. Dit wurk, dat koart nei 1870 útjûn is, is neffens it foarwurd in út 1526 stammende kopij fan in Aldfrysk manuskript oer it begjin fan de wrâld en har skiednis fan it sinken fan Atlantis ôf oant de komst fan de Romeinen yn Nederlân. Dit boek wurdt lykwols beskôge as in ferfalsking. Jensma ferklearret at dat sa is en wêrom.
Dêrnei sil Teake Oppewal in oersjoch jaan fan de Fryske literatuer yn de 19de en 20ste ieu. By eintsjebelút sille Arjen Hut, âld stedsdichter fan Ljouwert, en Tsead Bruinja, dy’t earder dit jier striede om ‘e titel Dichter des Vaderlands, foardrage út eigen wurk.
De Literêre Jûn sil organisearre wurde op de sosjéteit fan FFJ Bernlef, Tuinstraat 22 Grins. It programma begjint om 20.00 oere, tagong fan 19.30 oere ôf.
Foar mear ynformaasje of kontakt:
www.bernlef.com


Frisian_RUG

De lêste reaksjes