Op moandei 26 jannewaris sil dhr. Alex Riemersma in soartefan lêzing hâlde oer de wurksumheden fan Mercator (Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen). Dizze lêzing is tige nijsgjirrich foar alle studinten Fryske taal en kultuer, mar mei fansels ek besocht wurde troch oaren dy’t niget hawwe oan dit ûnderwerp. Boppedat is it mooglik om staazje te rinnen by Mercator. Kom nei dizze lêzing en betink alfêst fragen dy’tst graach stelle wolst oan dhr. Riemersma.
De lêzing begjint om 16.30 oere (op 26 jannewaris dus). Nei de lêzing sil der in nijjierssûpke holden wurde yn it Paard van Troje. Nei alle gedachten binne wy dêr rûn 17.45 oere. Faaks is it in aardich idee om dêrnei noch wat te iten mei ús allen. Jou hjirûnder in reaksje atst komst of net.
Datum: 26 jannewaris 2009
Tiid: 16.30 oere
Plak: Harmony-kompleks, seal H15.0048

Frisian_RUG

De lêste reaksjes