Op moandei 28 septimber organisearret de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer in lêzing/gastkolleezje troch dr. Alastair Walker fan de Christian-Albrechts-Universiteit yn Kiel. Dr. Walker is spesjalist op it mêd fan de leksikografy, dialektology en meartaligens yn it bysûnder fan Noard-Fryslân (yn Dútslân). Hy sil sprekke oer de folgjende ûnderwerpen:
15:00-16:00 oere: From monolingualism to quinquelingualism: multilingualism in North Frisia
16:00-17:00 oere: North Frisian: case study of a European minority language
Foar wa: elkenien
Tagong: fergees
Tiid: moandei 28 septimber, 15:00-18:00 oere
Plak: seal OBS 34.112, Oude Boteringestraat 34, Grins

Frisian_RUG

De lêste reaksjes