SPORTHISTOARYSK KONGRES
Frjentsjer, De Koornbeurs, 18 desimber 2009
Ta gelegenheid fan it ôfskied fan dr. Pieter Breuker as dosint en ûndersiker oan it Frysk Ynstitút fan de RuG wurdt op 18 desimber o.s. te Frjentsjer in sporthistoarysk kongres holden:
FRIESE SPORT: TUSSEN TRADITIE EN PROFESSIEYn ús maatskippij is betelle sport in fanselssprekkende saak. Tennis en fuotbal binne dêr algemien bekende foarbylden fan. Bûten sokke, út Ingelân wei oernommen sporten, hat Fryslân ek âlde, ‘eigen’ folksfermaken, dy’t ek ta sport útgroeid binne, bygelyks reedriden (koartebaan), keatsen en ljipaaisykjen. Neffens de gongbere opfetting hearre se ta ‘it Fryskeigene’ en binne se ûnderdiel fan de Frysk-nasjonale tradysje. Folle mear as yn ‘e regel tocht wurdt, hat by it ynstânhâlden fan dy ‘typysk Fryske sporten’ lykwols it jild in rol spile.
Op dit kongres stiet it ûndersyk nei it spanningsfjild tusken materiële en ideële aspekten yn de fjouwer behannele sporten sintraal. De sprekkers komme dêrby gauris ta nije, ferrassende konklúzjes. Dy binne fansels fan belang foar de kennis fan en it ynsjoch yn de skiednis fan Fryske sport, mar se foarmje sûnder mis ek in bydrage ta de wittenskiplike stúdzje fan sporthistoarje yn it algemien.
Fuort nei ôfrin fan it kongres wurde de lêzingen yn boekfoarm presintearre.
It folsleine programma kinne jim hjir fine:
(dit PDF-bestân befettet ek in oersjoch fan de kosten en de proseduere fan oanmelden)

Frisian_RUG

De lêste reaksjes