• Thús
    • Oer dizze side
  • Rêd Frysk!
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Liskje op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!

Omrop Fryslân

Foto's dossier Vaatstra op
Nij rekôr roei-alvestêdet
De Vries rapste op 1000 meter
Frou mei auto yn sleat
Hurdrider rydbewiis kwyt
Fytster ferwûne op 'e
Roemenen oppakt foar stellerij
Ferwûne by botsing motors
Plysje hâldt dief Nijstêd
Fytser botst mei auto

Firefox 3.5 foaral flugger

01 jul
2009
Publisearre troch JurritJan

De nije Firefox 3.5, in ynternetbrowser lykas Safari en Internet Explorer, hat gâns in list oan ferbetterings en wiist foaral op de hegere faasje wêrmei’t websides laden wurde. Unyk oan dizze browser is dat er yn it Frysk beskikber is.Nij is ûnder oaren it privee sneupe. Ienkear ynskeakele wurdt troch de browser neat bewarre lykas besochte sides of op de kompjûter bewarre lykas cookies. Tagelyk is it simpel om in webstee út de skiednis te heljen of om de skiednis fan de lêste oeren te wiskjen.

Om de faasje klam te jaan hat Mozilla in oantal fideo’s online set mei de fluchste klapper en bekerkesstapelaar. Dizze fideo’s wurde toand yn it nije iepen fideo-formaat ogg, hokker Firefox stipet; dêr binne dus gjin ekstra programma’s foar nedich.

In handige tafoeging is Lokaasjebewust sneupe. Websteeën kinne mei de lokaasjebepaling doelfêst ynformaasje oanbiede. Tapassings binne routeplanning, winkels yn de buert of bettere sykresultaten. Uteraard wurdt de privacy garandearre en wurde de gegevens allinnich dield nei útdruklike tastimming fan de brûker.

Firefox is mei de nije ferzje beskikber yn it Frysk, Nederlânsk en yn 73 oare talen. Neist Windows wurket de browser op Linux en MacOS. De hege mate fan oanpasberheid makket dat elkenien Firefox folslein nei eigen hân ynstelle kin.

De marketingkampanje draait no al op folle toeren. Sa binne der ûnder oaren in ûntwerpwedstriid, feestjes, Fastest Firefox en Firefox yn 35 dagen. In oar inisjatyf is de Mozilla Service-wike yn septimber. Frijwilligers kinne hjirby harren technyske kennis brûke om non-profit organisaasjes of âlderein te helpen mei ynternet. Foarbylden binne it ynstallearjen fan triedleaze tagong, fernijen fan in webstee of útlis oer it web oan âlderein.

Neffens oersetter Wim Benes is it lange wachten op de nije ferzje neat foar neat west. De mooglikheden binne gâns útwreide en de faasje is merkber better.

  • Tweet

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • D66-fraksje yn Twadde Keamer wol stúdzje Frysk yn Grins behâlde http://t.co/CZIQenWe
    about 23 hours ago
  • je neemt rationelere beslissingen in je tweede taal: http://t.co/ka5qRuGv
    01 mei 2012
  • It hat in Lange dei west, lang genôch om hashtag frysk op 1 te krijen. No dy bama noch. Twitter on.
    19 april 2012
  • Studinten Frysk twitterje foar in folsleine BA/MA-stúdzje Frysk. It #Frysk kin net sûnder. Stypje de aksjes op http://t.co/bq4ykqMp
    19 april 2012
  • mooi! #frysk staat boven aan het lijstje met hashtags in Nederland vandaag!
    19 april 2012
  • Welkom freugde fan de wrâld. Én hjoed mar omraak twitterje.
    19 april 2012
  • Deputearre Steaten fan Fryslân tsjin besunigings op stúdzje Frysk yn Grins http://t.co/gWyTTgo7
    18 april 2012
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe