• Thús
    • Oer dizze side
  • Rêd Frysk!
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Liskje op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!

Omrop Fryslân

Foto's dossier Vaatstra op
Nij rekôr roei-alvestêdet
De Vries rapste op 1000 meter
Frou mei auto yn sleat
Hurdrider rydbewiis kwyt
Fytster ferwûne op 'e
Roemenen oppakt foar stellerij
Ferwûne by botsing motors
Plysje hâldt dief Nijstêd
Fytser botst mei auto

Ekskurzje Auwerk [update!]

09 jun
2009
Publisearre troch JurritJan

FERJIT JIM PASPOART / IDENTITEITSKAART NET!!!

Hâldt dizze side oant en mei moandei yn ‘e rekken om seker te wêzen fan it lêste nijs!

Tiisdei 9 juny wurdt der troch Oebele Vries in ekskurzje nei Auwerk/Aurich (East-Fryslân) organisearre.

In Ostfreesland it Â’t am besten,
Over Freesland geit dÂ’r nix!

(begjinrigels fan it Eastfryske folksliet)

Eastfryslân is in bysûnder stikje Fryslân. De taal is dêr al lang net mear it Frysk, dat yn Eastfryslân net allinnich yn gebrûk west hat as sprutsen, mar ek as skreaune taal. Nei it Frysk waard de folkstaal it Platdútsk. Oant de 17de ieu wie dat ek de skriuwtaal. No is dat it Heechdútsk. De taal fan it Eastfryske folksliet is it Platdútsk. Fierders begroetsje de minsken yn Eastfryslân (en tsjintwurdich sels yn hiel Noard-Dútslân) inoar graach mei de Platdútske útrop ‘moin’ (of ‘moin moin’). Mar in soad Platdútsk heart men der net mear.Wy konsintrearje ús hjoed op ‘e haadstêd Aurich (Dútske nammefoarm) oftewol Auwerk (Platdútske nammefoarm). Wy binne dêr te gast by boargemaster Heinz-Werner Windhorst. Us begelieder is de hear Friedemann Rast, learaar skiednis oan it gymnasium, dat de moaie namme Ulricianum draacht.
Aurich wie lange tiid de residinsje fan de greven, letter Fürsten fan Eastfryslân, de Cirksena’s. No fine wy dêr noch it mausoleum fan dy famylje. It slot fan de Cirksena’s is der net mear. Dêr stiet no in nij, mar wol represintatyf gebou út de 19de ieu, dat ek slot neamd wurdt.
In bysûnder gebou yn Aurich is dat fan de Ostfriesische Landschaft, in ynstelling mei hiel âlde woartels. De oarspronklike Landschaft is noch it bêste te ferlykjen mei de Provinsjale Steaten fan in Nederlânske provinsje. Eastfryslân bestiet net mear as bestjoerlike ienheid, mar dochs is de Landschaft wòl bestean bleaun. Eins is it noch altiten in lyts parlemintsje (mei in presidint en 49 leden). As nije taak hat de Landschaft wurksumheden op him nommen op it mêd fan de Eastfryske skiednis en tsjintwurdich ek fan it Eastfryske Platdútsk. Dêrtroch liket de Landschaft no it meast op ‘e Fryske Akademy. De ûndersykstaken fan de Landschaft wurde net troch de leden útfierd, mar troch dêrta oanstelde meiwurkers.
Net fier bûten Aurich fine wy it terrein fan de Opstalsbeam (Platdútsk: Upstalsboom), dêr’t yn de 13de en 14de ieu gearkomsten fan fertsjintwurdigers fan de sân Fryske seelannen plakfûnen. In echte ‘lieu de mémoire’ fan de Fryske skiednis!
Eastfryslân wurdt ek wol neamd ‘das Land der Teetrinker’. Hoe’t dat krekt sa kommen is, hoecht hjirre net útlein te wurden. Mar teedrinke sille wy!

Programma

08.30 presys! Ofreizgjen Grins Sintraal stasjon (achter it taksistânplak)
10.00 Untfangst yn it Rathaus troch boargemaster Heinz-Werner Windhorst
10.45  Besite oan it krekt iepene Landschaftsforum fan de Ostfriesische Landschaft
11.30  Besite oan it gymnasium fan Aurich (Ulricianum)
12.30  Besite oan it mausoleum fan de Cirksena’s
13.15  Middeismiel op syn Eastfrysk yn it karakteristike slúskafee Kukelorum (krekt bûten Aurich)
14.30  Besite oan de Opstalsbeam
15.45  Eastfrysk teeritueel yn Teestube ‘Kluntje’
16.30  Besite oan it Landgericht (arrondissemintsgerjocht) fan Aurich yn it slot fan Aurich – rjochtbankpresidint Bartels hâldt in referaat oer it ‘beladen’ ûnderwerp ‘Justiz im Nationalsozialismus’
17.30  ‘Stadtbummel’ (as der noch tiid oer is, sjogge wy noch efkes wat om ús hinne yn ‘e stêd)
ûnbekend tiidstip    Wer op nei Grins, faaks ite wy ûnderweis ek noch efkes wat.

Foar de minsken út de rjochting Ljouwert advisearje wy – yn ferbân mei parkearswierrichheden by it statsjon yn Grins – om de trein te nimmen; uterlik de trein dy’t om 7.34 oere út Ljouwert weigiet. Sjoch foar in folsleine tsjinstregeling fan de trein op www.arriva.nl.

Ik hoopje dat it in goed slagge dei wurdt!

Oebele Vries
yn ‘e mande mei aktiviteitekommisje en bestjoer fan Skanomodu
Froukje, Jildau, Dirk Jan, Truus, Gerbrich en Jurrit Jan

  • Tweet

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • D66-fraksje yn Twadde Keamer wol stúdzje Frysk yn Grins behâlde http://t.co/CZIQenWe
    about 23 hours ago
  • je neemt rationelere beslissingen in je tweede taal: http://t.co/ka5qRuGv
    01 mei 2012
  • It hat in Lange dei west, lang genôch om hashtag frysk op 1 te krijen. No dy bama noch. Twitter on.
    19 april 2012
  • Studinten Frysk twitterje foar in folsleine BA/MA-stúdzje Frysk. It #Frysk kin net sûnder. Stypje de aksjes op http://t.co/bq4ykqMp
    19 april 2012
  • mooi! #frysk staat boven aan het lijstje met hashtags in Nederland vandaag!
    19 april 2012
  • Welkom freugde fan de wrâld. Én hjoed mar omraak twitterje.
    19 april 2012
  • Deputearre Steaten fan Fryslân tsjin besunigings op stúdzje Frysk yn Grins http://t.co/gWyTTgo7
    18 april 2012
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe