Op freed 23 oktober sil de Dei fan de Fryske taalkunde wer plakfine yn it Aljemint, it kongressintrum fan de Fryske Akademy yn Ljouwert. Op dy dei sille likernôch tsien lêzings holden wurde, allegearre mei in taalkundige ynslach. It programma is te delladen op www.fryske-akademy.nl. It wurdt studinten Frysk oanrikkemandearre nei dizze learsume, mar ek gesellige dei ta te gean. Opjefte kin foar 13 oktober by de dosint Taalkunde: Willem Visser (w . visser @ rug . nl).

Frisian_RUG

De lêste reaksjes