mei Tsjêbbe Hettinga
Sneonejûn lêstlyn joech de dichter Tsjêbbe Hettinga mei meiwurking fan it Leeuwarder Kamerkoor in foardracht/konsert yn Tresoar te Ljouwert. Troch it suver gregoriaanske sjongen fan it koar en de gedragen toan fan Hettinga waard de taharker sûnder oerdriuwing meifierd nei hegere sfearen.Tsjêbbe Hettinga dy’t blyn is en dêrmei alles út ‘e holle dwaan moat, waard de lêsseal fan Tresoar binnenlaat. It koar stapte achter him oan. De helt gie de treppen op, de oare helt bleau ûnder yn in rûnte stean. Hettinga stie dêr skeef foar, by de mikrofoan.
It koar begûn te sjongen en nei in hoartsje foel Hettinga yn, wat in sfear en romte oprôp dat net op papier te setten is. It wie tagelyk yndringend en yndrukwekkend. Nei inkelde strofen hâlde Hettinga wer op, wat ik suver skande fûn, omdat de kombinaasje sa ferskriklik treffend wie. Ik hie net ferwachte dat my dit sa pakke soe.
By konserten fan it kaliber Wâldrock sjochst my earder en dêrmei wie dit gâns wat oars as dat ik gewoanwei wend bin. It wie nijsgjirrigens dat my dy sneonejûn nei Tresoar lokke en om myn horizon te ferbreedzjen. Ik ha der gjin tel spyt fan hân dat ik mei ús mem dêrhinne gien wie.
Mei’t ik net in soad doel ha fan datsoarte muzyk, bliuw ik mei in krityske analyze benefter. Dat de sang en de foardrachtwize fan Hettinga mekoar tige oanfolle, wol ik nochris de klam op lizze. Wannear’t Hettinga ophâlde, siet ik te wachtsjen wannear’t syn hân wer nei de mikrofoan gean soe. Dan wist ik dat er wer ynsette soe. Dêrmei wol ik net sizze dat it sjongen net moai wie, mar wat my sa trof, wie de kombinaasje.
‘It Faderpaard’ wie it earste gedicht dat er foardroech. It is it ferhaal oer it weromkommen yn ‘e nacht fan in stjerrende siele nei de plak fan oarsprong. Sa stie it alteast op de konsertfolder. Elts koe syn persoanlike ynterpretaasje der oan jaan en dat wie fansels ek wat ik dien hie. Troch de oerfloed oan alliteraasje en midrym waard ik meifierd nei de natuer behearske âldere tiden. Dêr stie in hynder te wrinzgjen yn ‘e stâl dat foar my in belicheming wie fan alle driften en oanstriden dat ek in minsk eigen is. Mei sletten eagen kaam dat byld noch sterker yn my op.
‘Under seefûgels’ waard ynsetten nei it skoft en wie net foar minder ynterpretaasje fetber as it earste. Je waarden meifierd oer de see en strân wat in hieltyd weromkearend byld wie. Dat byld krych uteraard in twadde laach mei him dat as fansels opkaam troch it koar. Dat waard diskear fertolke troch froulju en dat wie as it ware mear ferhaaljend, al krigen je de wurden net mei. Der siet mear dynamyk yn. Wat it earste gedicht by my sa oanspriek wie dat der tagelyk songen en foardroegen waard. Dat wie no krekt it gemis by it twadde gedicht, dêr’t sang en gedicht mekoar ôfwikselen.
It wie in tige bysûndere en seldsume jûne dat ik op sa’n wize net earder meimakke ha. Ik wie tige ûnder de yndruk en wie bliid dat ik der hinne gien wie. Ik ha nammentlik earst twifele, omdat it dochs in gokje wie en it wie perfoarst net om ‘e nocht. Ik kin it elk oanriede wannear’t de kâns him nochris foardwaan sil.
Geart Tigchelaar

Frisian_RUG

De lêste reaksjes