Op de giele postit oan de linkerkant fan de Skanomodu-side fine jim de earstfolgjende aktiviteiten dy’t de aktiviteitekommisje foar jim organisearre hat.Fansels hawwe wy al mear ideeën oer kommende útstapkes. Sadree’t der konkrete plannen, data, lokaasjes ensafuorthinne bekend binne, sille wy dat fuortendaliks op dizze webside bekend meitsje. Sjoch dus sa no en dan ris op dizze side om op ‘e hichte te bliuwen fan alle aktiviteiten. Ek sil in pear kear yn it jier in aktiviteite-oersjoch opsteld wurde. Dy oersjoggen binne hjirûnder digitaal te finen, mar hingje ek op de oanplakbuorden by de Sekretariaatskeamer fan Frysk en op ús eigen boerd yn de Weberfoyer fan it Harmonykompleks.


Frisian_RUG

De lêste reaksjes