• Thús
    • Oer dizze side
  • Rêd Frysk!
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Liskje op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Maaike op Twitterje foar de stúdzje Frysk!
  • Krottsy op Twitterje foar de stúdzje Frysk!

Omrop Fryslân

Foto's dossier Vaatstra op
Nij rekôr roei-alvestêdet
De Vries rapste op 1000 meter
Frou mei auto yn sleat
Hurdrider rydbewiis kwyt
Fytster ferwûne op 'e
Roemenen oppakt foar stellerij
Ferwûne by botsing motors
Plysje hâldt dief Nijstêd
Fytser botst mei auto

Ofskie Johan Frieswijk

29 mei
2008
Publisearre troch JurritJan

LJOUWERT/LEEUWARDEN, 26 MAAIE 2008 – Histoarikus Johan Frieswijk giet op 1 july oanstaande, nei sawat 22 jaar Akademy, mei pensjoen. Frieswijk hâldt him by de Fryske Akademy sûnt 1 oktober 1986 dwaande mei de skiednis fan Fryslân yn de ôfrûne twa ieuwen. Hy hat in soad publisearre oer de arbeidersbeweging yn Fryslân. Fan syn hân kamen ûnder oare de Herinneringen van de Friese landarbeider Imke Klaver (1974) en it oersjochswurk Socialisme in Friesland (1977). Ek skreau er mei Hans Sleurink in boek oer de Hogerhuissaak (1984).Yn 1989 promovearre dr. Johan Frieswijk oan de Grinzer universiteit op de skiednis fan de lân- en feanarbeidersbeweging yn het noarden fan Nederlân. Yn de jierren dêropfolgjend wurke er mei oan de tv-rige fan de VARA ‘Voorwaarts en niet vergetenÂ’ oer de skiednis fan it sosjalisme en fierder wie er einredakteur fan de Skiednis fan Fryslân 1750-1995 (1998). Yn 2003 waard er foar syn gehiele wurk bekroand mei de Joast Hiddes Halbertma-priis fan de provinsje Fryslân.

Ta gelegenheid fan syn ôfskie biedt de Fryske Akademy dr. Johan Frieswijk op tongersdeitemiddei 5 juni 2008, fan 13.30 oere ôf in sympoasium oan yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. It tema fan it sympoasium is “Biografy en Arbeidersbeweging”. In fjouwertal sprekkers sil te gast wêze. Dr. Dennis Bos, Universiteit Leiden, lit sjen dat de libbens fan lieders en dielnimmers oan de Parizer Communeopstân fan 1871 binnen de soasjalistyske arbeidersbeweging as foarbylden tsjinnen. Wa kamen yn oanmerking foar in heldenepos, hokker aspekten út harren libbens waarden útfergrutte, hokker leaver ferjitten en hokker libbenslessen waarden de sosjalistyske lêzers dêrby eigentlik foarset?

De twadde sprekker is dr. Jan Willem Stutje fan de Rijksuniversiteit Groningen, dy’t op dit stuit oan in nije biografy fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis wurket. Yn syn lêzing ferliket er it charismatyske liederskip fan Domela Nieuwenhuis mei dat fan Pieter Jelles Troelstra. Oanslutend sprekt sjoernalist Piet Hagen en auteur fan Journalisten in Nederland, oer Troelstra as Fries, Nederlanner en ynternasjonalist. Hy lit sjen dat dy syn ynset foar it heitelân en de Nederlânske sosjaal-demokrasy en syn rol yn de Sosjalistyske Ynternasjonale yn it ferlingde fan elkoar leine.

Oan de ein sprekt Johan Frieswijk sels oer Biografiyske aspekten fan de skiedskriuwing fan de arbeidersbeweging yn Fryslân. It sympoasium wurdt foarsitten troch prof.dr. Yme Kuiper, dy’t it kongres ynliedt mei in foardracht oer de biografyske hausse fan dit stuit.

It bywenjen fan it ôfskiedssymposium fan dr. Johan Frieswijk is fergees. Foar it programma, oanmelding en ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de Fryske Akademy: tel. (058) 213 14 14 of e-post

resepsje @ fa . knaw . nl

Boarne: www.fa.knaw.nl

  • Tweet

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • D66-fraksje yn Twadde Keamer wol stúdzje Frysk yn Grins behâlde http://t.co/CZIQenWe
    about 23 hours ago
  • je neemt rationelere beslissingen in je tweede taal: http://t.co/ka5qRuGv
    01 mei 2012
  • It hat in Lange dei west, lang genôch om hashtag frysk op 1 te krijen. No dy bama noch. Twitter on.
    19 april 2012
  • Studinten Frysk twitterje foar in folsleine BA/MA-stúdzje Frysk. It #Frysk kin net sûnder. Stypje de aksjes op http://t.co/bq4ykqMp
    19 april 2012
  • mooi! #frysk staat boven aan het lijstje met hashtags in Nederland vandaag!
    19 april 2012
  • Welkom freugde fan de wrâld. Én hjoed mar omraak twitterje.
    19 april 2012
  • Deputearre Steaten fan Fryslân tsjin besunigings op stúdzje Frysk yn Grins http://t.co/gWyTTgo7
    18 april 2012
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe