Prof. dr. Goffe Jensma is hjoed offisjeel beneamd ta nije heechlearaar Fryske Taal en Kultuer yn Grins. De eardere heechlearaar, prof. dr. Germen de Haan, beklaaide de lêste jierren de funksje as dekaan fan de Letteren-fakulteit. Om’t dy twa funksjes net te kombinearjen wienen, is de Ryksuniversiteit op syk gong nei in nije heechlearaar.
De hear Jensma hat earder dit universitêr jier al in gastkolleezje jûn oan de RuG. Jensma hat Skiednis en Filosofy studearre oan de Ryksuniversiteit Grins. It ôfrûne jier wie er ferbûn oan de Universiteit fan Amsterdam as bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde. Dêrnjonken wie de hear Jensma wurksum by de Fryske Akademy. Fan 16 july ôf sil Jensma ynstallearre wurde as heechlearaar.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer Goffe Jensma en syn beneaming stiet op de offisjele side fan de Ryksuniversiteit Grins: http://www.rug.nl/let/nieuws/Jensma
Wichtichste publikaasjes fan prof. Jensma:
- Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (1998)
- De gemaskerde god. Francois Haverschmidt en het Oera Linda-Boek (2004)

Frisian_RUG

De lêste reaksjes