Jonge minsken tusken de 16 en 25 jier út West-, East- en Noard Fryslân wurde útnoege om mei op simmerkamp te gean: in wike lang (fan 3 oant 9 augustus 2008) op it East-Fryske eilân Spiekeroog!Yn in gesellige wike mei sinne, strân en see, wolle wy mei minsken út de trije Fryslannen ús mienskiplike Fryske identiteit ûntdekke. It kamp wurdt organisearre troch it Friesisches Forum yn East-Fryslân. De lieding is yn hannen fan Markus Grafenburg (Aurich/Stuttgart) en Marlene Christiansen. De wichtichste fiertaal op it kamp is it Ingelsk.
Doel is dat de 25 jonge dielnimmers út de ferskillende Fryslannen mei inoar yn ‘e kunde komme en mear oer elkoars kultuer te witten komme. Aktiviteiten as waadrinnen, film en fansels sport sille dan ek net ûntbrekke yn dizze wike.
Moetsje jonge minsken út West-, East en Noard-Fryslân en ûntdek it prachtige eilân Spiekeroog! It wurdt machtich moai!
De kosten (eksklusyf reis) skatte wy yn op sa’n €110. Foar mear ynformaasje as om dy op te jaan kinst maile mei
aktifykteiten @ fyk . nl
. Ek net-FYK’ers binne wolkom!
Mear ynformaasje oer it FYK: www.fyk.nl

Frisian_RUG

De lêste reaksjes