De foto’s fan de gesellige spultsjesjûn steane online. Spitigernôch koe Simone – en dêrmei ek har bryfkesspultsje – net komme. Klik op de foto hjirûnder of sjoch yn it menu hjirboppe ûnder Foto’s.
![]() |
| Spultsjesjûn Skanomodu |
Op moandei 15 desimber sil der in gesellige spultsjejûn organisearre wurde troch Skanomodu. Eefkes in boarreltsje drinken yn it Paard van Troje (fan 17.00 oere ôf), in hapke ite (by DJ/JJ thús) en dêrnei stride om de ear by de spultsjes. Elkenien – leden en net-leden – is wolkom. Kosten binne y.p. €10 foar leden en €12 foar net-leden (ekskl. boarrel, ynkl. iten/drinken by DJ/JJ thús). Neiere ynformaasje folget nei oanmelding. Dit kin oer de mail: aksje @ skanomodu . nl (graach sa fluch as mooglik).
De aktiviteitekommisje,
Froukje, Janke, Jildou, Simone en Jurrit Jan


Frisian_RUG

De lêste reaksjes